Liveblog | 16 septimber

112-nijs: Tankwein kantele yn Gerkeskleaster, liters molke op 'e dyk | Snelboat It Amelân skrast

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 16 septimber, 21:27
21:27

Stik berm yn 'e brân op It Hearrenfean

Oan de Sportweg op It Hearrenfean hat sneon in part fan de berm yn brân stien. De brânwacht moast yn aksje komme om it fjoer út te meitsjen.
Oer de oarsaak fan de bermbrân is neat bekend.
© Dennis Stoelwinder
20:18

Skroat yn brân

Der komt in protte reek frij by in brân yn in bulte skroat by in bedriuw oan de Einsteinweg yn Ljouwert. De brânwacht besiket it fjoer út te krijen.
De brân is by in bedriuw dat him dwaande hâldt mei de ynkeap en recycling fan metalen. It is net de earste kear dat der brân is by dit bedriuw. Yn it ferline hawwe dêr al meardere brannen west.
De reek fan de brân is goed te sjen © Kappers Media
16:33

Sein- en wikselsteuring by Bûtenpost

14:02

Snelboat nei It Amelân skrast troch foarwerp yn de oandriuwing

De snelboat nei It Amelân © Wagenborg
De snelboat nei It Amelân is twa dagen út de feart. Neffens Wagenborg Passagiersdiensten hat it te krijen mei in foarwerp dat yn de oandriuwing fan de ms Fostaborg bedarre is. It hâldt yn dat de ôffearten tusken It Amelân en Holwert skrast wurde.
Wagenborg biedt ekskuzen oan en seit der alles oan te dwaan om de tsjinstregeling moandei om 06.15 wer op de rit te krijen. Mei de passazjiers dy't reservearre hiene, wurdt kontakt opnaam.
12:57

Tankwein kantele op rotonde Gerkeskleaster

© ProNews Producties
Yn Gerkeskleaster is in tankwein mei molke oerside gien op de rotonde by de Dokkumertrekwei-Verlaatsterweg. De sjauffeur is troch omstanners út de kabine holpen. Troch it ûngelok streamden der liters oan molke oer it njonkenlizzende fytspaad hinne. Der lekte ek oalje op de dyk. De rotonde is foar it grutste part blokkearre troch de kantele wein.
Der is in ambulânse op it plak kaam foar de sjauffeur. Oft dy ferwûne rekke is, is net dúdlik. De plysje en brânwacht binne ek op it plak kaam.
It fytspaad is derûnder strûpt © ProNews Producties
07:03

Lyts boatsje folslein útbaarnd yn Snits

Der wie neat mear te rêden oan it boatsje © BTBfotografie
Yn it wetter neist de Looxmadwarsstraat yn Snits is in boatsje folslein útbaarnd. It barde midden yn 'e nacht, de melding fan de brân kaam om healwei fjouweren binnen. Brânwacht en plysje binne útriden, mar by oankomst wie it boatsje al folslein útbaarnd.
De brânwacht hat it boatsje út it wetter helle. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is net bekend. Der rekken gjin minsken ferwûne.