Minne kompetysjestart foar Feanfroulju mei ferlies tsjin AZ

It frouljusteam fan sc Hearrenfean hat har earste kompetysjewedstriid fan dit seizoen ferlern. Op sportpark Skoatterwâld waard it 0-1 foar de froulju fan AZ.
Yn de wedstriid tsjin de Alkmaarske ploech bleau it lang 0-0. Pas yn de 67e minút feroare de stân, doe't Floor Spaan AZ op foarsprong skeat.
Mar ek dêrnei wist Hearrenfean net te skoaren, sadat de trije punten nei Alkmaar giene.