Fan iPad nei helmhout: skoalbern yn Jirnsum krije skûtsjeles

Skipper Age Veldboom jout skûtsjeles © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Sturtdielingen, grammatika en topografy: nei in lange simmerfakânsje sitte skoalbern yn de provinsje wer yn de skoalbankjes. By KBS Sint Radboud en OBS It Tredde Sté yn Jirnsum stiene freed gjin masters of juffen foar de klasse, mar skippers fan it skûtsje de Ut en Thús.
Noch gjin jier is Jirnsum it stânplak fan skûtsje de Ut en Thús, mei oan it helmhout skipper Luuc Elzinga. Dy pakte by de IFKS fuort goud yn de C-klasse. "We wolle wedstriden winne, it skip perfekt hâlde, mar ek de bern fan de iPad krije."
De ambysje is om de skûtsjesilerij yn Jirnsum libjend te hâlden by de bern. En dan kinne je it bêste by de jongste Jirnsumers begjinne.
Skûtsje Ut en Thús wol bern fan de iPad ôf krije
Gewoanwei hiene de groepen 7/8 no bygelyks oan it rekkenjen west. De bern kinne der no yn elts gefal op rekkenje dat se yn beweging komme moatte.
De Ut en Thús hie averij mei de fok by in eardere wedstriid © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Nei in rûntsje wylde skiednisferhalen fan de skûtsjekenner Age Veldboom steane der op it plein spultsjes klear, lykas knoopje, tousmite en turf kroadzje.
In ôfslutende besite oan de Ut en Thús makket yndruk: "Moai om it fan sa tichteby te besjen", seit ien fan de bern.