Leafde foar dowen bringt Amerikaansk bokskampioen Mike Tyson nei De Westereen

In bysûnder tafriel yn De Westereen: de wrâldferneamde bokser Mike Tyson wie dêr op besite. Hy dielt syn hobby mei Westereender Heine Bijker: dowen.
De twa hienen al langer kontakt en Tyson woe al earder ris op besite, mar de Amerikaan koe noait in plakje yn syn aginda fine. Oant dizze wike.
"Tyson syn assistint belle my woansdeitemiddei ynienen", fertelt Bijker. "Dat Mike Tyson hiel graach delkomme woe en oft dat dy jûn ek koe. It gie hiel hurd, mar ik fûn it wol goed."
It wenplak fan Bijker wie noch wol even in dinkje. "Se fregen nei it adres, mar 'De Westereen' wie dreech om út te lizzen", laket er. "Uteinlik ha se it wol fûn."
'Leginde yn de fûgelsportwrâld'
In maat fan Tyson dielde in filmke fan de besite oan De Westereen op Instagram. Dêr omskriuwe se Bijker as 'in leginde yn de fûgelsportwrâld'.
Bijker en Tyson ha trije oeren yn it dowehok sitten. "Se wienen hjir om 19.00 oere en hy hie alle tiid. Ik rûn nei binnen en die de klompen út, as altyd. Mike rûn efter my oan en ik seach ynienen dat hy ek syn skuon út die."
In maat fan Tyson sette dit filmke op Instagram
Tyson wie earder dizze wike yn Amsterdam, om dêr syn eigen coffeeshop te iepenjen. Dat is ien fan syn passys. Dowen binne de oare passy. Doe't er tsien jier wie, kocht er foar hûndert dollar syn earste do.
Hy fertelde Bijker ek dat er ien in klap joech, doe't dy de holle fan ien fan syn dowen ôfluts. Dat wie it begjin fan syn romrofte bokskarriêre.
Bysûndere kaprioalen
Bijker is ferneamd om syn Birmingham Rollers, in type do dy't bysûndere kaprioalen yn de loft meitsje kin. De Westereender waard der ferskate kearen wrâldkampioen mei, yn 2013 foar it lêst.
Trijefâldich bokskampioen Tyson hat lykwols net ien fan Bijker syn dowen kocht. "Hy keapet oer de hiele wrâld dowen foar in hiel soad jild, mar it jild makket my neat út. Ik ha de dowen foar de hobby en ik doch it omdat ik it leuk fyn", fertelt Bijker. "Hy hat no gjin dowen meinommen, mar miskien komt er dêrom oait wol in kear werom nei De Westereen en betellet er ien miljoen."
The Pigeon God
Tyson hie in kameraploech achter him oan rinnen. Earder makke er foar Animal Planet in programma oer dowewedstriden. Op syn telefoan lit Bijker in filmke sjen dat de 'personal assistant' makke fan de besite oan De Westereen.
De Wâldpyk hat sels gjin ferlet fan tv-kamera's om syn ferhaal ta te ljochtsjen. Op de bylden fan de besite is Tyson te sjen dy't op Bijker syn picknickbank wat sit te iten en te drinken en genietet fan de dowen fan The Pigeon God, sa't Bijker bestimpele wurdt troch de Amerikaan.
Heine Bijker wie yn 2001 alris by Omrop Fryslân om oer dowen te praten:
Heine Bijker oer syn dowen