KFPS ferfangt Friesian Proms yn 2024 troch teätrale jubileumshow

© Omrop Fryslân
De Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek (KFPS) wol it 145-jierrich jubileum gruts fiere. Stichting Faderpaard is frege om by de Hynstekeuring yn jannewaris fan 2024 in grutte jubileumshow yn de styl fan eardere spektakelstikken lykas Faderpaard (2014) en De Stormruiter (2018) te fersoargjen.
Takom jier bestiet it KFPS 145 jier. De feriening waard op 1 maaie 1879 oprjochte yn kafee De Drie Romers yn Reduzum. "Wy ha dus in jubileumjier en dêrom wolle wy it entertainment om de Hynstekeuring hinne wer wat opfrisse", seit direkteur Marijke Akkerman fan it KFPS freedtemoarn op de Sintrale Keuring yn Harich.
Foar it 145-jierrich bestean ferfangt it KFPS de Friesian Proms door in jubileumshow
De nije show komt dus yn it plak fan de Friesian Proms, dy't ôfrûne jierren opfierd waard yn it WTC Expo yn Ljouwert. De rezjy is yn hannen fan Margus Spekkers, dy't earder ek belutsen wie by Faderpaard en De Stormruiter.

145 jier Fryske hynders

"We gaan het verhaal van 145 jaar Friese paarden vertellen", leit Spekkers út. "Dat doen we door enkele belangrijke momenten uit die periode uit te lichten. Dat ze bijvoorbeeld gebruikt werden voor de landbouw, of juist dat er nog maar een paar stamvaders over waren toen dat werk was opgehouden. Dat wordt de rode draad, die we aankleden met spectaculaire visuals."
"Zo willen we de tijdlijn waarin het verhaal zich afspeelt, projecteren in de piste. Daarbij gebruiken we uiteraard veel Friese paarden, en ook de Franse groep Théâtre du Centaure uit Marseille werkt weer me aan de voorstelling."