Nij mjitmomint foar Cambuur: "Willem ll gaat meedoen om de bovenste plekken"

De ôfrûne wiken trof SC Cambuur meardere leechfleaners út de earste divyzje. Snein komt der mei Willem ll wer in topploech nei Ljouwert, al is it de lêste tiid wol ûnrêstich yn Tilburg.
Trainer Sjors Ultee hat in soad kar, want allinnich Silvester van der Water ûntbrekt snein by de Ljouwerters. De oanfaller rekke ferline wike yn it duel mei FC Den Bosch blessearre oan de ljisk. Mar, sa seit Ultee: "De eerste geluiden zijn dat het relatief meevalt."
Ynternasjonals werom
It wurdt oplost by Cambuur mei it trochskowen fan Michael Breij fan it middenfjild nei it plak fan Van der Water, rjochts yn de oanfal. Dêrtroch komt der op it middenfjild plak foar Fedde de Jong.
De Jong miste ferline wike de wedstriid tsjin FC Den Bosch, om't er syn debút makke by Jong Oranje. Ek Roberts Uldrikis komt werom fan ynterlannen, ûnder oare tsjin Kroäsië. "Hij heeft twee keer gespeeld tegen heel goeie tegenstanders. Dat is goed voor zijn ritme", fynt Ultee.
Trainer Sjors Ultee hat in sa goed as fitte seleksje ta syn beskikking
It ferskowen fan Breij is foar Ultee de meast logyske oplossing. "Ik weet dat Michael het voorin ook heel goed doet. Hij is goed in de diepte en goed in het druk zetten", seit Ultee. Neffens de Cambuurtrainer kinne je it op twa manieren útlizze.
"Het is zonde om hem weg te halen waar het goed gaat. Aan de andere kant vindt hij het fijn om als rechtsbuiten te spelen", fertelt Ultee. "Een speler moet niet elke week van plek veranderen en door het hele team heen gaan, dat is niet goed. Maar op één of twee plekken spelen, is geen probleem."
Als je hun laatste wedstrijden bekijkt, zie je geen ploeg die vol in de problemen zit.
By de tsjinstanner fan snein, Willem ll, krige oardel wike lyn trainer Reinier Robbemond dien. Dêrnei lei ek technysk direkteur Teun Jacobs syn wurk del. It binne rûzige tiden dus yn Tilburg.
Dochs sjocht Ultee net in ploech dy't aktearret as in bokser dy't knock-out slein is. "Als je hun laatste wedstrijden bekijkt, zie je geen ploeg die vol in de problemen zit. Op basis van het spel had Robbemond de ploeg echt wel goed staan en de resultaten waren ook niet slecht."
Wat docht Willem ll?
De grutte fraach is hoe't Willem ll snein spylje sil tsjin Cambuur. Yn de earste wedstriid nei it ûntslach fan Robbemond feroare der net in soad. Ultee wit eins net wat er no ferwachtsje kin. "Ze hebben een lange trainingsweek gehad en misschien gaan ze nu wel dingen anders doen."
Wis is wol dat Willem ll, dat no fiifde stiet mei twa punten minder as Cambuur, in goeie tsjinstanner is. "Het is weer een meetmoment met een ploeg die gaat meedoen om de bovenste plekken. Het is mooi om je daartegen te kunnen testen", seit Ultee.
Willem ll is in promoasjekandidaat. FC Emmen wie dat ek. Dy ploech trof Cambuur yn de earste wedstriid fan it seizoen (2-2). "Tegen Emmen leverde dat een heel mooie pot op, omdat je ook net iets eerder wordt afgestraft als je fouten maakt. Dus die les moeten we inmiddels geleerd hebben."
Ultee tinkt wol dat syn ploech him ûntwikkele hat. "Als ik kijk naar hoe weinig counters we tegen Den Bosch weggaven vorige week, zijn we daarin vooruitgegaan. En Willem ll is daar zeker ook weer een mooie testcase in."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Willem ll begjint sneintemiddei om 16.45 oere. It is live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. It kommentaar út it Cambuur Stadion wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is moandei werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.