Dit binne de acht finalisten fan Liet 2023
De acht finalisten fan it Frysktalige sjongfestival Liet binne bekend. De artyst dy't wint, sil Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival en op Liet International.
De acts dy't yn de finale stride meie, binne Melissa Pander, Hille Hiddema, MsT Mar Jazz, Bone of Contention, Samar Watt, De Mann', Volk!! en Deun van Seun.
Goed 1.200 publyksstimmen
De acht finalisten binne keazen troch in seleksjesjuery en troch stimmen fan it publyk. Foar de finale koe it publyk ien wildcard fuortjaan, wêrmei't de favoryt streekrjocht nei de finale gie.
Der binne goed 1.200 publyksstimmen binnenkommen. Wa't de measte stimmen fan it publyk krige, wurdt net bekend makke om de fierdere kompetysje net te beynfloedzjen.
Harkje hjir nei in kompilaasje fan de acht finalisten fan Liet 2023
"Moai dat der wer sa'n soad minsken stimd ha", seit Liet-foarsitter Frans Veltman. "We ha acht hiel ferskate acts, it is in moaie opstekker foar it Frysktalige liet."
Ien fan de acht finalisten wurdt de opfolger fan Adri de Boer, dy't yn april 2021 wûn mei it nûmer Bliuw mar by my.

De winner fan Liet 2023 giet takom jier nei Liet International. Der is boppedat in primeur, want de winnende act mei ek nei it earste Regio Songfestival yn Utrecht.
De winner fan Liet fertsjintwurdiget Fryslân op it Regio Songfestival. Dit muzykfestival wurdt organisearre troch Omrop Fryslân en 12 oare regionale omroppen. De earste edysje fan it Regio Songfestival hat plak op sneon 4 novimber yn de Stadsschouwburg yn Utrecht.
Eltse omrop leveret in eigen kandidaat. De 13 ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live-optreden. De ynstek is om de dielnimmers yn de streektaal sjonge te litten.
Foar it liet mei de bêste songtekst leit de Gryt van Duinen-tekstpriis klear, neamd nei it Omrop-ikoan dat yn april ferstoar. De Fryske taal en it Frysk sjongfestival Liet wiene Van Duinen tige dierber.
De finale fan Liet 2023 hat plak op 12 oktober yn Neushoorn yn Ljouwert. Ek dan kin it publyk wer stimme, sawol yn de seal as online.
De finale fan it Frysk sjongfestival is ek live te sjen by Omrop Fryslân fia telefyzje en online fia de Omrop-app fan 19.30 oere ôf.