Fries om utens op 16 by Dieren, gjin Friezen op lanlike Forumlist

© ANP
Janette Bosma is de heechste Fries op de list fan de Partij voor de Dieren by de Twadde Keamerferkiezingen. De Friezinne om utens stiet op plak 16.
Bosma wennet no yn Grins. Yn dy stêd sit se op it stuit ek yn de gemeenteried.
De iennige ynwenner fan Fryslân op de list fan de Partij voor de Dieren, is Menno Brouwer. It Steatelid út Burgum stiet op plak 46.
De Partij voor de Dieren hat op it stuit seis sitten yn de Twadde Keamer. Neffens de lêste Peilingwijzer (in kombinaasje fan de peilingen fan I&O Research en Ipsos/EenVandaag) soe de partij no útkomme op sân oant tsien sitten, as der hjoed ferkiezingen wêze soenen.
Dy lêste peilingen binne wol holden foardat der in krisis yn de partij útbruts en it bestjoer opstapte.

Gjin Friezen by Forum

Forum voor Democratie hat syn kandidatelist ek bekendmakke. Yn de top-20 steane gjin Friezen. Dêrûnder wol de partij foar elk kiesdistrikt oare kandidaten sette. Wa't der op plak 21 en leger komme yn it Fryske kiesdistrikt, is noch net bekend.
Yn de Twadde Keamer hat Forum op it stuit fiif sitten, yn de Peilingwijzer komme se út op twa oant fjouwer.

BBB komt mei twadde Fries

Fan de BoerBurgerBeweging wie al bekend dat Mariska Rikkers-Oosterkamp út Wolvegea op plak 10 komt te stean. Sy is op it stuit wethâlder yn Weststellingwerf.
Yntusken is bekend dat der noch in twadde Fries op de list stiet: dat is Lianne Bos-Zandstra út Oerterp op plak 43. Sy wurket yn de handicaptesoarch.
De BBB stiet yn de Peilingwijzer op alve oant santjin sitten.
Noch net alle partijen ha har list bekendmakke. Hjirûnder in oersjoch fan de heechste Friezen op de listen dy't oant no ta wol publisearre binne.

Kandidatelisten Keamerferkiezingen

Partij Heechste Fries
VVD 8. Aukje de Vries
D66 11. Tjeerd de Groot
CDA 11. Jouke Spoelstra
SP 36. Jan van der Veen
GrienLinks-PvdA 12. Habtamu de Hoop
Partij voor de Dieren 16. Janette Bosma
ChristenUnie 11. Carlijn Niesink
Forum voor Democratie (noch) gjinien
BBB 10. Mariska Rikkers-Oosterkamp
JA21 6. Maarten Goudzwaard
BVNL 3. Sieta van Keimpema
50Plus gjinien