Nij fers Dichter fan Fryslân: 'Fytse yn de rein'

Sigrid Kingma © Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem
Gedichten en eksakte fakken is in ûngewoane kombinaasje. Dochs, of miskien wol krekt dêrom hat Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma dat as tema keazen foar in dichtwedstriid. Alle Fryske skoallen krije freed posters mei de gedichten.
'Fytse yn de rein' hjit Sigrid Kingma har tolfde gedicht as Dichter fan Fryslân. Dizze kear is de oanlieding in poëzijwedstriid dy't se sels útskreau, mei as doel de Fryske poëzy nei de middelbere skoallen te bringen.
It gedicht moat derfoar soargje dat de lêzer 'mei in oar each' sjocht nei fakken lykas wiskunde, natuerkunde, biology, skiekunde en ekonomy, mar ek nei ierdrykskunde en skiednis.
De poëzijposter is foarmjûn troch Silke Boersma:
© Afûk, Dichter fan Fryslân
Alle middelbere skoallen yn Fryslân krije freed de poëzijposter. 'Fytse yn de rein' hat Kingma skreaun mei it fak natuerkunde yn de achterholle. De oare gedichten binne fan de hân fan Bauke Vermaas, Lara Kool-de Vries, Sietske Boonstra, Berber Spliethoff en Neeltje Terpstra. Se binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.
Fytse yn de rein
Yn de rein op in simmerske snein
fytst Newton in wedstryd tsjin Einstein
Newton kin op 'e crosshybride
mei minimale wriuwing ride
dy teory is lang net dom
en by de helling, tink derom
fljocht er op 'e sweef omheech
want hy wit: massa is dreech
Einstein is net sa kreatyf
de fluchste tiid is relatyf
Newton mei graach it middelpunt sykje
en syn paraplubegryp sil hiel wat lykje
mar mei it gammel âld izer
is Einstein noch gjin ferliezer
Hat er der dan in moterke op?
Nee, gjin krêft kin tsjin logika op
al hast in aerodynamysk tenu
fytse wol net mei in paraplu.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl. Sigrid Kingma is de tredde Dichter fan Fryslân. De earste wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn wurk de Gysbert Japicxpriis krige en dêrnei wie Nyk de Vries de Dichter fan Fryslân.