Mishanneling yn Froubuorren hakt der fiif jier letter noch altyd yn: "It fret ús op"

© Omrop Fryslân
It is al mear as fiif jier lyn, mar by sawol de slachtoffers as de fertochten spûket it hast alle dagen troch de holle. De fûsten, de klappen, de waas foar de eagen. Hoe't tsien sekonden ekstreme lilkens op in festival yn Froubuorren it libben op 'e kop sette.
It is 26 maaie 2018 as de 25-jierrige twilling Jelle en Wander de Haan op it festival Frou Rock yn elkoar slein wurdt. Twa bruorren út Froubuorren en in man út Stiens geane hielendal los. Se litte sûnder rem harren fûsten delkomme op de hollen fan de slachtoffers, dy't benaud binne deaslein te wurden.
De twilling rekket swierferwûne. In forinsysk arts sil letter sizze dat se gelok hân ha. "Het is een wonder dat ze geen ernstiger inwendig letsel aan hoofd en handen hebben opgelopen." Noch jierren hâlde Jelle en Wander lêst fan pineholle.

Selstraf

De trije manlju wurde oppakt en yn augustus 2020 foar it besykjen ta deaslach feroardiele ta ien jier sel, wêrfan in healjier ûnder betingst. Skrokken fan de hege selstraf geane se yn heger berop, dat tongersdei tsjinne by it hôf yn Ljouwert.
It gerjochtshof yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"Ze leven al drie jaar met de angst dat ze de gevangenis in moeten. Die onzekerheid houdt hen en hun hele gezin in de greep", sei advokaat Ralph Titahena fan de twa fertochten út Froubuorren.
De manlju, yntusken midden yn de tritich, hawwe in frou, bern en wurk en binne benaud dat mei in selstraf "ons hele bestaan de soep ingaat".

Spyt

Achter de fertochten yn de rjochtseal sit Jelle de Haan, dy't troch dizze manlju oanfallen is op it festival. Se sizze dat it harren spyt en dat se graach mei him yn petear wolle. Mar Jelle is safier noch net en wol dêr earst oer neitinke.
Hy fertelt de rjochter oer de ynfloed dy't it op him en syn twillingbroer Wander hân hat. Dy is yn de tuskentiid nei Nij-Seelân emigrearre.
Wander hopet dat dizze manlju in straf krije dy't past by it besykjen twa ûnskuldigen dea te slaan. Want sûnder yngripen fan omstanners, wie dat wis bard, neffens him.
Jelle de Haan fertelt wat de mishanneling fiif jier letter noch mei him docht
Jelle wennet yn Sint Anne, op sa'n kilometer fan de fertochten. "Ik kom se hast alle dagen tsjin, dat is dreech. It fret ús op."
Tsjin de oanwêzigen yn it gerjochtshôf seit er dat er him net mear feilich fielt. In freon fan de fertochten stekt geregeld de middelfinger op, hat ôffal by Jelle yn 'e tún smiten en hat him twa kear fêstriden.

"Efterom sjen"

"It jout ús soargen oer wêr't dizze manlju ta yn steat binne, as wy harren nochris tsjinkomme." As Jelle en syn freondinne op stap geane en it wurdt tsjuster, "dan sjogge wy altyd efterom".
De fertochten sizze ta dat se nea soks wer dwaan sille. "We gaan niet meer naar feesten." En dat se fan de drank ôfbliuwe. "Alcohol is de grote boosdoener."
Hoe dan ek, it is yn 2018 folslein út de hân rûn. De advokaat-generaal, de offisier fan justysje by it hôf, sprekt fan in "laffe daad en redeloos grof geweld".

Strafeask

Se koe besykjen ta deaslach net bewize, mar foar swiere mishanneling easke se sân moanne sel, wêrfan fjouwer moanne ûnder betingst. "Voor alleen een taakstraf is dit te ernstig."
It hôf docht oer twa wiken, op tongersdei 28 septimber, útspraak yn it heger berop.