Nei 25 jier presintearre Gerrit Hiemstra syn lêste waarberjocht

© ANP
Gerrit Hiemstra hat tongersdeitejûn syn lêste waarberjocht presintearre yn it NOS Journaal. Nei hast 25 jier naam hy ôfskied as waarman op de lanlike telefyzje.
De Fryske meteorolooch wol fierder as ûndernimmer en sil him rjochtsje op klimaatneutraal bouwen en op bouwen mei natuerlike grûnstoffen.
De 62-jierrige Hiemstra is opgroeid yn Sumar, mar wennet tsjintwurdich yn Balk. Yn 1998 debutearre er as ferfanger fan Erwin Kroll. Sûnt dy tiid presintearre er twa kear yn de wike de waarsferwachting.

"Feroarje wol"

"Ik moat dizze stap meitsje om't ik echt wat feroarje wol. De wearden fan de NOS en fan my as ûndernimmer komme net oerien. De NOS hat gjin misje. Sy binne der om ferslach te dwaan. Dat is harren taak", sa stelde Hiemstra doe't er earder syn ôfskied oankundige. "It is net mei-inoar te kombinearjen. Ik koe dan net mear hielendal ûnôfhinklik wêze."
Gerrit Hiemstra sit sûnt 2020 ek yn de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân.