Nei EK-brûns begjint no "belangrijkste toernooi van de zomer" foar Marrit Jasper

De Nations League en it EK hat se efter de rêch, mar it belangrykste toernoai komt noch. Follybalynternasjonal Marrit Jasper begjint sneon oan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai (OKT) yn Sina.
It wurdt in swiere opjefte, mar Jasper en Oranje binne yn foarm. "Door het EK-brons hebben we wel meer vertrouwen."
Noch gjin twa wiken lyn stie Nederlân yn Brussel yn de heale finale op it Europeesk kampioenskip. Se ferlearen yn in spannend wedstriid fan wrâldkampioen Servië (3-1), mar pakten dêrnei wol brûns troch de regearjend Europeesk Kampioen Italië te ferslaan (3-0).

No folget in noch wichtiger toernoai: it OKT. Nederlân pleatste har yn 2016 foar it lêst foar de Spelen. Jasper wie dêr noch net by en wol graach de Spelen ris meimeitsje. "Dit wordt het belangrijkste toernooi van deze zomer. Aan de Olympische Spelen wil iedereen meedoen. Het is iedere vier jaar."
Ik maak me een beetje zorgen om het eten.
Op it OKT yn Sina dogge aanst acht lannen mei. De bêste twa pleatse har foar de Spelen. 16 septimber is de earste wedstriid, 24 septimber de lêste. Sa spylje se sân wedstriden yn njoggen dagen.
"Dat wordt best pittig. Ik heb er zin in, maar ik kijk er ook wel wat tegenop. Ik maak me ook wel een beetje zorgen om het eten. Dat is niet zo heel goed hier, dat is wel zorgelijk."
De Oranjefroulju wiene earst yn Japan om te wennen oan it tiidsferskil en dêr wie it iten neffens Jasper al net geweldich. "En hier is dat meestal nog slechter. Voeding is erg belangrijk. Je moet toch voldoende eiwitten en proteïne binnenkrijgen om goed te herstellen. Maar je moet vooral ook niet ziek worden."

Jasper spilet in soad en makket ek belangrike punten. Har rol by it Nederlânske team is dizze simmer grutter wurden.
Under har eardere bûnscoaches krige se minder spyltiid. "Nu speel ik wat meer aan het net, daar krijg ik wel wat meer vertrouwen door. Fleur (Savelkoel) en Anna (Buijs) zijn er niet bij en Nova (Marring) is geblesseerd. Zo zijn er wel wat redenen waardoor ik speel. Maar op dit moment voelt het wel goed."
Beskieden
Soest ek sizze kinne: ik spylje en ik hear ek te spyljen. Mar sa sit Jasper net ynelkoar. "Daar ben ik toch wat te bescheiden voor. Zo wil ik ook niet overkomen. Het gaat goed, dat zeker. Ik hoop dat ik dat vol kan blijven houden."
Programma Nederlân:
- 16 sep 10.00: Nederlân-Kanada (11)
- 17 sep 04.00: Nederlân-Tsjechië (17)
- 19 sep 10.00: Nederlân-Meksiko (23)
- 20 sep 04.00: Nederlân-Oekraïne (18)
- 22 sep 13.30: Nederlân-Sina (6)
- 23 sep 10.00: Nederlân-Servië (3)
- 24 sep 10.00: Nederlân-Dominikaanske Republyk (10)
Tusken heakjes it plak op de wrâldranglist. Nederlân stiet sels njoggende.
Op it OKT sit Nederlân yn in swiere groep. Twa lannen steane op de wrâldranking boppe Nederlân: thúslân Sina en de wrâldkampioen Servië. En om by de earste twa te einigjen, moat Nederlân dus ien fan dy twa lannen ûnder him litte.
Neffens Jasper seit de wrâldranking oer it algemien dat de lannen boppe Nederlân better binne. "Op dit moment wel. Maar op het EK hebben we goed tegen Servië gespeeld. We hebben het net niet af kunnen maken. We stonden bijna elke set wel een paar punten voor. Kansen tegen Servië liggen er wel, maar het moet wel allemaal even goed vallen."
Escaperûte
Mocht it op it OKT net slagje om kwalifikaasje ôf te twingen, dan is der noch in oare wize. Dat giet fia de ranking, Wat heger se stean, wat grutter de kâns dat Nederlân dochs nei de Spelen mei.
Pas yn juny fan takom jier is it momint wêrop't de list opmakke wurdt, mar de spylsters hâlde dy ranking no al yn de gaten.
"Het is niet zo dat ik het er dagelijks bij pak, maar zo nu en dan kijken we wel even naar de ranking. Laatst op de Asian Games waren landen achter ons die wat punten pakten. Dan kijk je daar toch even naar."
De rûte nei de Olympyske Spelen
Oan de Olympyske Spelen dogge tolve lannen mei. Frankryk is as gastlân automatysk pleatst. Der binne no trije kwalifikaasjetoernoaien. Op elts toernoai dogge acht lannen mei en de bêste twa fan elts toernoai meie nei de Spelen. Dat binne dus seis lannen.
Dan bliuwe der noch fiif plakken oer foar de lannen dy't har net fia sa'n kwalifikaasjetoernoai pleatse. De bêste fiif lannen op de wrâldranking yn juny 2024 dy't harren noch net pleatst ha, meie ek nei de Spelen.
De kontininten dy't noch gjin lân ha, krije noch wol foarrang. Nederlân stiet no njoggende. De kâns is grut dat de bêste alve fan de ranking harren pleatse.
Earder dizze simmer begûn Oranje mei in lading oan wedstriden. Earst de Nations League, dêrnei it EK en aanst dus noch it OKT. Dat is Jasper net wend: se siet de ôfrûne jierren wol hast altyd yn de seleksje, mar benammen ûnder bûnscoach Avital Selinger spile se net in soad.
Dêrom keas se derfoar om in oantal wedstriden dizze simmer net te spyljen. "Ik heb de Nations League bewust overgeslagen. Ik was toe aan wat rust, ook mentaal."
"Ik was er even klaar mee"
Dat hat har goed dien. Want no, ûnder bûnscoach Felix Koslowksi, spilet se folle mear. "Dat heeft er wel voor gezorgd dat ik fanatiek werd. Ik was er even klaar mee. Ten eerste omdat ik niet zoveel speelde, maar ook omdat je thuis zoveel leuke dingen hebt. Dat ik nu de kans krijgt, heeft ervoor gezorgd dat ik mezelf weer wil laten zien. Nu ben ik er zeker nog niet klaar mee."
Nei it OKT hat se frij. Hiel even mar, want in wike letter moat se wer troch nei Frankryk, nei har klup Nantes Neptunes. "Ik denk dat ik dan 2 oktober weer mag beginnen. Dan ben ik een weekje thuis. Maar dan is het ook wel genoeg geweest hoor, deze zomer. Je wordt erg geleefd. Bij je club kun je in de tussentijd wel meer je eigen gang gaan."