Elkenien fernimt it, sûn iten wurdt ûnbetelber: "It is fernederjend, dat moat oars"

© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ien op de seis minsken dy't sûner ite wol, kin dat net betelje. Minsken dy't yn earmoed libje, fiele de klap it hurdst en wurde dêrtroch minder sûn. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).
"Je hawwe gjin idee wat minsken yn earmoed meimeitsje", seit Douwe Beimin fan it Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS). Beimin wol earmoed hieltyd mear ûnder de oandacht bringe. "De goedkeape produkten stean yn de winkel op de ûnderste planken. Minsken yn earmoed bûge fan elkenien yn de mienskip it meast. Dat is fernederjend en dat moat oars."
Ien op de seis minsken dy't sûn ite wol, kin dat net betelje
Neffens Beimin binne der ek fysike gefolgen. Minsken yn earmoed stjerre yn trochsneed sân jier earder as rikere minsken. "In pûde chips of wat oars fol mei sûker is net goed foar de minske. De kleau fan jild soarget der no sels foar dat je earder dea gean. Dat liket nearne op."
Op de merk yn Drachten is it ûnderwerp ek it praat fan de dei. "Ik hearde klanten dêr al oer praten", seit hanneler Janna Kaspers. Sy hat in grientekream op de merk.
"Wy fernimme it allegear. Der binne ek opsjes om it in bytsje tsjin te gean, troch bygelyks seizoensgriente te heljen. Mar sels fyn ik it spitich, want sûn iten moat betelber wêze. Foar de ûndernimmers is it troch de hege ynkeapprizen dreech om de priis nei ûnderen te dwaan."
De kleau fan jild soarget der no sels foar dat je earder dea geane.
Douwe Beimin
In oplossing soe wêze kinne om de btw op griente en fruit ôf te skaffen. Yn de polityk wurdt dêr al langer oer praat, mar de Belestingtsjinst seit dat net foarinoar krije te kinnen.

"Snobbersguod of fruit?"

"Je krije dan debatten oer wat no krekt griente of fruit is", seit minister Piet Adema fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit. "Der binne bygelyks 'snoeptomaatjes', mar is dat no snobbersguod of is dat fruit?"
Fruit is djoer © Shutterstock
It platfoarm easket aksje fan de polityk. De tiid fan debatten en deroer prate hat west, seit Beimin. Neffens him wurdt de groep fan earmen hieltyd grutter.

"Ek wurkjenden"

"It giet net mear allinne om minsken yn de bystân, mar ek om de wurkjenden. Der binne zzp'ers dy't yn de knipe komme en âlderein moat mei it pensjoen rekkenje. Dat is skandalich en ik fyn dat sy net de dupe wurde meie fan saken dêr't sy neat oan dwaan kinne."
"Der lizze ûndersiken genôch en de resultaten binne dúdlik. Net sûn ite is net goed foar in minske. De kleau wurdt hieltyd grutter en dus wurdt it tiid om it oan te pakken."