Wat soesto dwaan: út hûs pleatse of net? Kampanje moat ynsjoch jaan yn dilemma's jeugdsoarch

Sanne waard út hûs pleatst © Omrop Fryslan
Sanne is ien fan de Fryske gesichten fan in lanlike kampanje oer dilemma's yn de jeugdsoarch. Sels waard se út hûs pleatst, mar ienkear yn in ynstelling moast se der al gau wer út.
No kin Sanne goed oer har úthûspleatsing fertelle. It wie in yngewikkelde kwestje: in pear jier nei de skieding fan har âlders woe Sanne gjin kontakt mear mei har heit.
Se luts by har mem yn, mar dat gie net goed. Sanne socht as puber de grinzen op, mar har mem stelde hielendal gjin grinzen.
Sanne en jeugdbeskermer Anna oer de dilemma's:
Sanne waard agressyf. Tegearre mei de fâd fan de húshâlding waard der nei ferskillende trajekten sjoen. Uteinlik waard Sanne út hûs pleatst.
Dat die har goed. Nei trije moannen moast se lykwols werom nei hûs: de ynstelling wie net it goede plak foar har, waard sein. It soe better wêze om de húshâlding mear help te bieden. Sanne fûn dat spitich, want se hie it nei har sin yn de ynstelling.

Alders en bern binne faak lilk

Anna is jeugdbeskermer. Sy fynt it wichtich om kwetsbere bern in stim te jaan. Se leit wolris wekker fan de problemen yn de jeugdsoarch: der is somtiden gjin plak foar bern dy't thús net mear feilich binne, omdat de help ophâldt as immen 18 wurdt.
Anna komt as jeugdbeskermer foar in soad dilemma's te stean © Omrop Fryslan
Se sjocht bern dy't fêst komme te sitten tusken de heit en de mem yn in komplekse skieding. Somtiden twivelet se ek oft se geskikt is foar it wurk. Se freget harsels hieltyd ôf oft se it wol goed dien hat.
Alders en bern binne faak lilk. Mar, sa seit se, as je dan sjogge dat der lang om let rêst komt, dan binne der dochs goede karren makke. En nee, dat giet net altyd goed, want it bliuwt minskewurk. As it ris ferkeard giet, dan wurdt mei it hiele team bepraat wat se de oare kear oars dwaan kinne.
Der is faak sa'n plat byld fan wat wy dogge.
Hendrika de Vries, jeugdbeskerming
Hendrika de Vries fan de ried fan bestjoer fan de jeugdbeskerming hopet dat de kampanje oer dilemma's yn de jeugdsoarch foar mear ynsjoch soarget yn de karren dy't de Fryske jeugdbeskermers en jeugdreklassearders alle dagen wer meitsje moatte.
"Wy komme faak net posityf yn it nijs, wy meie ús wol wat mear sjen litte. Ik bin grutsk op myn minsken. Der is faak sa'n plat byld fan wat wy dogge, wy besykje der wat mear lagen yn oan te bringen."

Underfining ynsette om oaren te helpen

Mei Sanne giet it no goed. Se hat it foaral sels dien, konkludearret se, tegearre mei har jeugdbeskermer. Se is no ien fan de jongeren fan it E-team: dat ErvaringsTeam Friesland is foar jongeren dy't ûnderfining ha yn de helpferliening. Mei har eigen ûnderfining kinne se oare jongeren en organisaasjes helpe.
No dus mei dizze lanlike kampanje. Se seit mei klam dat se hiel tankber is foar de leafde dy't se fan har mem krigen hat. En dat it "kloate" is dat har mem har bern net de help jaan koe dy't se nedich hienen.