Sa krige Drylts syn 481 jier âlde klok werom

© Omrop Fryslân, Esther Dijkstra
It hat tachtich jier duorre, mar de grutte klok út de Mauritiustoer yn Drylts is werom op syn plak. Hy wurdt tenei wer let tagelyk mei de lytse klok. En dat hat hiel wat fuotten yn de ierde hân.
De Dútsers ha beide klokken út 1943 út de toer helle en meinaam om se om te smelten ta wapens. Dêr is neat fan terjochte kaam. Wêrom't net, wit gjinien, mar feit is dat de twa klokken nei de oarloch weromkamen nei Drylts.
Doe die wol bliken dat de grutte klok skansearre wie: der siet in grutte skuor yn en de kroan wie ek skuord. De klok moast laske wurde, mar de techniken yn dy tiid wienen sa fier noch net.
It klonk fan gjin kant.
Harm Haitsma oer de skansearre klok
"Se ha de klok noch wol yn de toer hongen", fertelt Harm Haitsma fan de monumintestichting yn Súdwest-Fryslân. "Mar dat klonk fan gjin kant, dus se ha 'm der hiel gau wer úthelle."
© Stichting tot behoud van monumenten in de gemeente Súdwest-Fryslân
It idee wie doe om de klok neimeitsje te litten troch in bedriuw út Noard-Brabân. "Mar dat is hiel frjemd gongen: de klok is net omgetten, mar se ha brûns brûkt om in totaal nije klok te jitten. Dat hat ús gelok west, want sa is de klok út 1542 bestean bleaun."

In hiele toer

Doe moast de klok noch wol werom nei Drylts. Dat is slagge mei tank oan Minke Hiemstra. Sy komt út Fryslân, mar wurke doe yn it suden. Se sammele jild yn by Friezen om utens, yn totaal 12.000 gûne. Dat wie genôch om de klok werom te ferfieren.
Foar it earst yn 80 jier klinkt de âlde klok fan Drylts
Hy wie lykwols noch hieltyd ûnbrûkber en omdat restaurearje net mooglik wie, kaam de klok net yn de toer, mar op in sokkel yn it plantsoen oan de Stadslaan.
"Dêr hat er 51 jier stien", fertelt Haitsma. "Mar wy seinen: dy klok heart thús yn de toer! En wat eartiids net koe, kin hjoed-de-dei wol: dy klok restaurearje."
De klok op in sokkel oan de Stadslaan © Stichting tot behoud van monumenten in de gemeente Súdwest-Fryslân
Dat is net om 'e nocht, dus moast de stichting earst jild ophelje. Mei help fan it Ryk, de provinsje en ferskate fûnsen waard 72.000 euro sammele.
De restauraasje wie it wurdich, neffens de stichting: de klepel slacht no net mear tsjin de klok, mar rekket de klok subtyl oan. Dat soe in folle muzikaler lûd jaan en boppedat is der sa minder kâns op skea.

"Een mooie gong"

De grutte klok is werom op it plak dêr't er al mear as 400 jier klonk. Woansdei klonk er foar it earst sûnt 1943 wer tagelyk mei de lytse klok.
Foarsitter Anneke Hopmans fan Stadsbelang IJlst is deroer te sprekken. "Er hing wel een klok in de toren, maar dat was niet de echte. Dit klinkt veel beter, er zit een mooie gong in."