Ljouwerter ried wol Woodbrookers slute, mar behannelsintrum bliuwt foarearst iepen

Gebouwen fan Woodbrookers © Jeugdhulp Friesland
De Ljouwerter gemeenteried wol dat behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen sa gau mooglik tichtgiet en dochs bart dat foarearst net.
Woodbrookers is it iennige sintrum yn Fryslân foar swiere jeugdsoarch, en moat dêrom iepenbliuwe oant der in alternatyf beskikber is. Dat wie it boadskip fan wethâlder Nathalie Kramers op it spoeddebat oer de oanhâldende ynsidinten by de Woodbrookers.
Ljouwerter ried wol Woodbrookers slute, mar behannelsintrum bliuwt foarearst iepen
De wethâlder stipet wol it stribjen om Woodbrookers op langere termyn te sluten.
"Wat je met elkaar wil, is kleinere voorzieningen met kleinere groepen in gewone woningen", seit Kramers. Der wurdt al wurke oan lytsskalige foarsjenningen op It Hearrenfean en yn Drachten, mar dat is neffens har noch net genôch om te foarsjen yn it ferlet fan sokke plakken.
Wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert © Omrop Fryslân
De Ljouwerter gemeenteried wol al sûnt desimber ferline jier dat behannelsintrum Woodbrookers fan Jeugdhelp Fryslân tichtgiet. Der barre by Woodbrookers al in skoft geregeld slimme ynsidinten en boppedat soe de soarchferliening net goed wêze.
Woodbrookers leit yn Koartehimmen, yn de gemeente Smellingerlân. Wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert is lykwols foar hiel Fryslân ferantwurdlik foar de jeugdsoarch.
Riedslid Carlijn Niesink fan de ChristenUnie hie it debat oanfrege. Sy is fan miening dat net ien jongere mear yn it sintrum opfongen wurde moat. Se wie dêrom net bliid mei de meidieling fan wethâlder Kramers dat Woodbrookers foarearst iepenbliuwt.
"Mijn zorgen zijn vanavond niet weggenomen, maar vergroot, want er worden straks nog steeds jongeren opgevangen bij de Woodbrookers."

Moasjes

Niesink wol dêrom de wethâlder yn in moasje twinge om Woodbrookers gau te sluten. "Die zal later in september in stemming worden gebracht. Dan is het kleur bekennen voor alle partijen."
Der komme mooglik noch mear moasjes oer de affêre-Woodbrookers. Riedslid Otto van der Galiën fan Lijst058 fynt dat direkteur Johan Krul fan Jeugdhulp Fryslân opstappe moat en sil dêr yn in moasje ta oproppe.