Plan foar 28 flekswenten yn Appelskea soarget foar opskuor yn ried

© Omrop Fryslân
28 flekswenten yn Appelskea wiene tiisdeitejûn reden foar in flink folle riedseal yn Easterwâlde. Buertbewenners en de wurkgroep Dorpsbossen Appelscha binne it net iens mei de plannen. En ek de ried rûn oan tsjin in ferrassing.
It kolleezje fan Eaststellingwerf wol wenten bouwe, en rap. De ried hie al in pear kear frege wêrom't it sa stadich gie mei de wentebou yn har gemeente. Dêr woe it kolleezje no feroaring yn bringe.
De flekswenten moatte oan de Boslaan komme en kinne tritich jier stean bliuwe. Sy soene bedoeld wêze foar 'oandachtsgroepen': minsken sa as statushâlders, minsken dy't troch in skieding of oare omstannichheden tydlik har hús út moatte, of jongerein dy't dreech oan in wenning komme kinne.

"Funest voor vleermuizen en insecten"

Ynsprekkers fan de Werkgroep Dorpsbossen Appelscha binne benaud foar de effekten dy't de wenten hawwe op de natuer. "Het is niet meer donker, het wordt er veel drukker, dat is funest voor vleermuizen en insecten bijvoorbeeld", seit Wytske Kater. "Ook Staatbosbeheer vindt dit kruidige landje uniek, het is een soort biotoop."
Wethâlder Jelke Nijboer jout oan dat der noch ekologysk ûndersyk dien wurde moat op de lokaasje, mar beklammet ek dat der in soad soargen binne oer wentebou yn de gemeente.
"Trochdat it lân al fan Actium, in wenningkorperaasje, is, kin it proses ek wer rapper barre. De wenten steane der foar tritich jier en minsken kin ek foar tritich jier hiere, mar it kin ek sa wêze dat bygelyks jongerein nei in pear jier wer trochstreame."

Ried bûtenspul

Foar it fluch realisearjen fan flekswenningen hat it kolleezje de minister fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering fersocht om dielnimme te meien oan it eksperimint. Dêrtroch kin der tiidswinst yn de fergunningproseduere makke wurde: fan minimaal in healjier nei sa'n acht wike.
Dêrfoar wie allinnich wol nedich dat de gemeenteried flekswenningen opnimt as kategory fan gefallen dêr't gjin ferklearring fan gjin betinkingen foar fereaske is. Dêr kaam diskusje oer los.
Het is superknullig om van mijn buurvrouw te moeten horen dat er 28 flexwoningen komen.
Renske van der Tempel (riedslid D66)
De ried wist nammentlik oant foar koart net fan de plannen yn Appelskea ôf, wylst foar de buertbewenners al in ynformaasjemomint jûn wie. De ried fielde harren bûtenspul set.
"Het is superknullig om van mijn buurvrouw te moeten horen dat er 28 flexwoningen komen", sei D66-riedslid Renske van der Tempel. "Het college maakt er een potje van", folle Simon ter Heide oan.

Beswier

Nei in koart oerlis fan it kolleezje waard dêrom besletten it foarstel ta de ferkoarte proseduere yn te lûken. "Het spijt mij dat het volgens u lijkt alsof u buitenspel wordt gezet", sei wethâlder Gerben But. It betsjut lykwols net dat de plannen foar de flekswenten fan tafel binne.
Mocht it foarstel ta ferkoarte proseduere net trochgean, dan moat de ried noch prate oer de plannen. Ek kin yn in letter stadium noch beswier makke wurde. Dat is de wurkgroep fan doel, mocht it safier komme.