De toan fan Froukje Sijtsma: "Roald Dahl"

"In jier lyn kocht ik op Marktplaats in doaze mei sa'n tweintich boeken fan de bekende Britske berneboekeskriuwer Roald Dahl. It foarnimmen wie om se allegear foar te lêzen oan myn dochter.
De meast bekende ferhalen fan Roald Dahl binne Sjakie en de Chocoladefabriek, De Heksen, De Griezels, de Grote Vriendelijke Reus, Joris en de geheimzinnige toverdrank en fansels dy oer it bysûndere famke Mathilda. En dan binne der noch folle mear geweldige ferhalen.
De toan fan Froukje Sijtsma
Roald Dahl is foaral bekend wurden om syn fantastyske berneboeken, mar hy skreau ek foar tieners en folwoeksenen. Hy hie in bysûndere skriuwstyl. De ferhalen foar folwoeksenen binne faak bizar. Dy foar bern grappich, frjemd, ûnfoarsisber en hjir en dêr ek wol sadistysk.
Hjoed is it Roald Dahl syn bertedei. Hy waard berne yn 1916 en ferstoar yn 1990. It is op 13 septimber net allinnich syn bertedei. Opfallend genôch is it hjoed ek Wrâld Sûkeladedei. Miskien hat it te krijen mei syn bekendste boek oer Sjakie en de Chocoladefabriek.
In machtich ferhaal oer it earme jonkje Sjakie, dat ien fan de gouden wikkels fynt dy't wrâldwiid tusken mar fiif sûkeladerepen sitte. Hy fynt de lêste en krijt sa tagong ta Willy Wonka syn sûkeladefabryk. Mei fjouwer oare bern mei hy mei nei binnen ta en belibbet dêr absurde aventoeren.
In soad boeken fan Roald Dahl binne ferfilme en oerset nei oare talen. Ek yn it Frysk binne ferskate ferhalen fan him te lêzen. It earste boek dat ik fan him yn de kast stean hie, wie Jappy en it sûkeladefabryk. Oerset en ynsprutsen troch Jan Schotanus. En doe't oersetter Martsje de Jong yn 2017 mei de GFR kaam, de Grutte Freonlike Reus, moast dy fansels ek oanskaft wurde.
Yn Fryslân wurdt op it stuit wakker kampanje fierd om bern mear foar te lêzen by de Lês-Mar-Foarwiken. It is hearlik om ferhalen lykas dy fan Roald Dahl foar te lêzen oan myn dochter. Wêr't it kin, doch ik dat yn it Frysk.
Ik soe har eins faker foarlêze wolle, mar it sjit der geregeld by yn. En dat wylst it hearlik is om tegearre smûk op de bank te sitten of foar it sliepen gean in ferhaaltsje foar te lêzen. Wannear't we dat dogge, gebeurt der altyd wat magysk. Foarlêze ferbynt. Myn famke krûpt lekker tsjin my oan en tegearre wane we ús efkes yn in oare wrâld.
It moaie oan foarlêze is dat je tusken de rigels troch in hiel soad leare. Je toane ynteresse yn oare tinkwizen, mar ferjitte soms ek efkes wat je sels allegear by de kop hawwe. In minne dei op skoalle wurdt folslein fergetten troch prachtige ferhalen.
Jûn oan jûn lies ik myn dochter foar út Ronja de Rôversdochter fan skriuwer Astrid Lindgren en de film Mathilda fan skriuwer Roald Dahl is al hiel faak ôfspile. Ik sil dochs besykje wer ris wat faker foar te lêzen, want moaie boeken hearre fansels net allinnich mar yn de kast te stean."