Misstannen by soarchynstelling Woodbrookers: hoe sit it krekt en hoe no fierder?

Giet it behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen ticht of net? Dêr komt mooglik mear dúdlikheid oer nei in spoeddebat dat woansdeitejûn holden wurdt yn de gemeenteried yn Ljouwert.
Woodbrookers kaam oardel jier lyn foar it earst yn it nijs doe't in bernedokter fan sikehûs Nij Smellinghe melding makke oer misstannen yn de jeugdsoarch. It libben fan in 14-jierrich famke dat by him ûnder behanneling wie, waard dêrtroch neffens him sels yn gefaar brocht. It famke siet ûnder oare in skoft yn Woodbrookers.
Nei de melding kamen noch folle mear berjochten nei bûten oer misstannen by de soarchynstelling. Wat is de situaasje no? Om dat dúdlik te krijen: fiif fragen en antwurden.
1. Wat is Woodbrookers foar ynstelling?
Op 26 jannewaris 2010 wurdt Woodbrookers offisjeel iepene yn Koartehimmen. Dêrfoar wie der noch gjin behannelsintrum yn Fryslân foar jongerein mei gedrachsproblemen. Faak kamen se yn jeugdfinzenissen telâne.
Woodbrookers fangt Fryske jongeren tusken de 12 en 18 op mei psychyske of gedrachsproblemen. Yn 2010 is der plak foar 64 jongeren en dat is yntusken ôfboud nei 11. In part fan it sintrum is iepen, mar der sitte ek in soad jongeren yn de sletten ôfdieling dêr't se 'JeugdzorgPlus' krije.
2. Wat hâldt dy sletten ôfdieling of 'JeugdzorgPlus' yn?
JeugdzorgPlus is in foarm fan sletten jeugdhelp foar bern en jongerein dy't thús net mear behannele wurde kinne. Dit kin sa wêze as in bern bygelyks agressyf is, himsels sear docht, drank of drugs brûkt of fuortrint.

De rjochter bepaalt dat in bern dizze ferplichte help krijt. In sletten ferbliuw is ûnderdiel fan de behanneling. Hoelang't de bern der sitte, is ôfhinklik fan it beslút fan de rjochter.
3. Wat is de problematyk om Woodbrookers hinne?
Yn de ôfrûne oardel jier ha ferskate media ûndersyk dien nei ynsidinten dy't him by Woodbrookers ôfspilen. Ien fan de opfallendste saken is dat in bernedokter fan Nij Smellinghe fûn dat in famke fan 14 jier gjin passende soarch krige by Woodbrookers en dat dit ta har dea liede koe.

Dêrneist soenen meiwurkers fan Woodbrookers seks hân ha mei in kliïnt. Boppedat blykt út in útlekt rapport dat meiwurkers meardere ynsidinten en fermoedens fan seksueel oerskriedend gedrach net melden.
4. Watfoar reaksjes komme der op de nijsferhalen oer Woodbrookers?
Yn de gemeenterieden fan Smellingerlân en Súdwest-Fryslân is de mearderheid foar sluting fan Woodbrookers.
Ek hat bernerjochter Bart Tromp oanjûn dat hy gjin jongerein mear pleatse sil by de ynstelling. Yn in artikel yn de Volkskrant seit er: "Ik had grote zorgen over de veiligheid van de kinderen die daar werden geplaatst. Het middel mag niet erger zijn dan de kwaal."
Dêrneist binne der al meardere kearen Keamerfragen steld. Ofrûne wike ek troch Lisa Westerveld fan GroenLinks. Dy freget ûnder oaren hoe't it kin dat der hieltyd opnij problemen binne by dizze ynstelling en oft de jongeren dy't der op dit stuit behannele wurde wol feilich binne.
5. Woansdeitejûn is der in spoeddebat yn de Ljouwerter gemeenteried, wat kin dêr útkomme?
Wethâlder Nathalie Kramers fan de gemeente Ljouwert is foar hiel Fryslân ferantwurdlik foar jeugdsoarch en stiet ûnder stevige druk om wat oan de grutte problemen by Woodbrookers te dwaan.
Ljouwert moat gjin jongeren yn krisissituaasje mear nei Woodbrookers stjoere, fine D66 en ChristenUnie. Sy ha dêrom om in spoeddebat frege. Ek wolle de partijen jongeren út Ljouwert dy't yn Woodbrookers ferbliuwe dêr sa gau mooglik weihelje. De partijen wolle ek it lêste krityske rapport oer Woodbrookers boppe wetter krije.