Noarden moat de kreatyfste regio fan Nederlân wurde, mar dêrfoar is jild nedich

Ryksjild foar de kreative sektor soe better ferspraat wurde moatte oer de regio's. No is it net earlik ferdield: it measte bliuwt hingjen yn de Rânestêd. De Creatieve Coalitie Noord wol dat feroarje.
Sa'n fyftich kreative talinten, lykas keunstners, muzikanten, filmmakkers en ûntwerpers, ha woansdei in startgearkomste om te sjen oft se har ferienigje kinne yn de Creatieve Coalitie Noord: in koepelorganisaasje foar eltsenien dy't wurket yn de kreative sektor.
Woansdei sitte se yn Ljouwert byinoar om te wurkjen oan in manifest dat nei alle politike partijen giet. Dat dogge se no, omdat der ferkiezings oankomme.
Filmjild benammen nei Amsterdam
"Het is nu oneerlijk verdeeld", seit Joris Hoebe fan New Noardic Wave, ien fan de inisjatyfnimmers fan de koälysje. "Mijn frustratie is dat bij veel rijkssubsidies de regio is overgeslagen. Wij willen dat het eerlijk verdeeld wordt."
Hoebe hellet dêrby syn eigen fakgebiet oan, de filmsektor: "Het filmfonds geeft 90 procent of meer uit in Amsterdam."
Minsken yn de kreative sektor jouwe kleur oan in regio.
In oare inisjatyfnimmer is Henk Rigter fan Mooiedingenmakers. Hy hat syn doel simpel formulearre: "Wy wolle fan it Noarden de kreatyfste regio fan Nederlân meitsje." Dat kin, tinkt Rigter, troch de gearwurking te sykjen. "As wy ús ferbine as makkers, dan binne we wat, dan hawwe we krêft en wurde we heard."
Beiden tinke it tij ek mei te hawwen. Hoeben: "In de politiek gaat het nu over de regio. Nu, zo voor de komende Kamerverkiezingen, is het moment om de discussie te beïnvloeden."
Rigter: "It binne krekt minsken yn de kreative sektor dy't kleur jouwe oan in regio. It Noarden is in skitterende regio om dêr romte oan te jaan."
It Fries Museum heakket ek oan. Direkteur Kris Callens fynt it fan it grutste belang dat krekt de makkers har no ferienigje. "Kunst en cultuur zorgen voor verbinding in de samenleving. De individuele makers spelen daar een belangrijke rol in."

It Fries Museum is al in organisaasje dy't in soad finansjele stipe kriget. Hoebe is net benaud dat dat ynfloed hat op it fersyk dat sy sels ha: in bettere ferdieling fan de subsydzjejilden.
"Juist niet. Er is genoeg geld beschikbaar. Maar wordt het eerlijk verdeeld? Niet alles hoeft rond de ring A10 te landen." Rigter follet oan: "Dat kin ek noardlik fan de A7, lykas yn Wytmarsum of ien fan de Pekels."