Tuinstra mei Nederlân útskeakele op EK nei fiifsetter tsjin Italië

Ben Tuinstra yn de wedstriid tsjin Italië © ANP
Ben Tuinstra fan Snits is mei de Nederlânske follybalmanlju útskeakele op it EK. Yn Bari wie regearjend Europeesk en wrâldkampioen Italië yn de kwartfinale mei 3-2 te sterk.
Yn de earste set wienen beide lannen oan elkoar weage. Nei 15-15 pakte Nederlân in pear punten op rige en dêrmei sloech it in gatsje (15-19). Dat krige Italië net mear ticht. De set einige yn 19-25 en dus wie it ferrassend 1-0 foar Nederlân.

Sterke faze Italië

Ek yn de twadde set wie it spannend, mar no lei it inisjatyf by Italië. De Italianen hienen hieltyd in punt of twa, trije foarsprong. Nei 16-13 koe Nederlân it net mear hâlde: de Italianen lieten sjen wêrom't se de regearjend wrâld- en Europeesk kampioen binne en pakten de set mei 25-17.
Nederlân hie it yn de tredde set hiel lestich. De sterke Italianen stienen dêryn de hiele tiid op foarsprong. De úteinlike setstân wie dúdlik: 25-16. Dêrmei kaam de tuskenstân op 2-1.

Fiifsetter

Oranje moast no set fjouwer winne om net útskeakele te wurden. Tuinstra en syn teamgenoaten starten sterk en kamen mei 2-5 foar. Tuinstra pakte syn puntsjes mei, mar benammen Nimir Abdel-Aziz wie de grutte man by Nederlân. Hy late syn ploech nei 23-25.
Yn de beslissende set gie it lykop. Italië stie meastal foar, mar Nederlân hong oan it elastyk en koe aardich bybliuwe. Pas doe't it fan 9-8 11-8 waard, hie Italië Nederlân op de knibbels. Uteinlik einige de set yn 15-