Fryske boer wol kij fuortdwaan, mar Drinte jout gjin fergunning: "Het is echt niet te begrijpen"

Minder kij hâlde wolle, mar gjin fergunning krije. En dat fanwegen in provinsje dêr't je net iens wenje. It oerkomt de boerefamylje Van 't Klooster út De Fochtel en Easterwâlde en dat makket harren lilk.
De famylje hat twa pleatsen binnen in kilometer fan inoar. Soan Bram van 't Klooster buorket op in pleats yn De Fochtel, wylst syn âlders op dit stuit op in pleats yn Easterwâlde sitte. Bram wol lykwols gjin boer wurde en wol de kij oerpleatse nei de pleats yn Easterwâlde. Syn sus Annelie wol der buorkje, tegearre mei har man en bern.
Fan de 70 kij fan Bram geane der 40 nei Annelie. Dat betsjut dat der 30 oerbliuwe. "Uiteindelijk stoot je dus minder uit en heb je een boerderij minder dicht bij een Natura2000-gebied", seit Bram. "Wij dachten dus dat het wel goed zou komen met de vergunning. Maar we zitten nu al twee jaar vast. Het is ongelooflijk."
Boer út De Fochtel krijt gjin fergunning fan Drinte
Beide pleatsen sitte hast tsjin it Fochtelerfean oan. It Natura 2000-gebiet leit yn de provinsjes Fryslân en Drinte en dus moatte beide provinsjes mei de fergunning oan de gong. Fryslân wol de fergunning behannelje, mar Drinte wol dat net. "Als ik het op een verjaardag uitleg, snapt niemand het", seit Annelie. "Het is echt ook niet te begrijpen."
Yn de hoeke treaun
Likegoed Fryslân as Drinte wol net op ynterview-fersiken yngean. Sy litte it by skriftlike reaksjes. Drinte seit dat de Raad van State de provinsje yn in hoeke treaun hat. Sy binne opholden mei it ferlienen fan fergunningen om't sy earst útlizze moatte hoe't sy de stikstofoerbelesting oplosse wolle. Oant dy tiid dogge sy neat mei nije fergunnings.
De boeren fine dat gjin argumint. "Wij verminderen toch juist de stikstofuitstoot?" seit Bram. "Sterker nog: de koeien gaan helemaal weg."
Wij verminderen toch juist de stikstofuitstoot?
Bram wol eins in rekreaasjeplak foar toeristen opsette, mar sil no foarearst de pleats op De Fochtel trochsette. Buorkje yn De Fochtel hat neffens him gjin takomst mear en dus wol hy foarútsjen.
Tsjin heuch en meuch giet Bram no earst mar op de âlde foet fierder. "Dit is toch eigenlijk het tegenovergestelde van wat de overheid wil. De koeien staan in Oosterwolde ook nog verder van het Natura-gebied af. We wachten het af, maar ik snap het allemaal niet meer."
Skriftlike reaksje Provinsje Drinte
"In Drenthe zijn we gestopt met vergunningverlening voor extern salderen omdat wij niet kunnen voldoen aan de eisen die de Raad van State stelt. De Raad van State eist namelijk dat wij eerst uitleggen hoe we de stikstofoverbelasting gaan oplossen, voordat gebruik kan worden gemaakt van een (deels) stoppend bedrijf via extern salderen.
Omdat de stikstofaanpak nog in ontwikkeling is, is deze onderbouwing op dit moment nog niet te geven. Dat betekent ook dat wij niet kunnen instemmen met vergunningen van buurprovincies voor extern salderen."