Waadferiening ropt Fryske oerheden op om net langer te oerlizzen mei de NAM

© ANP
Fryske oerheden moatte net langer oerlizze mei de NAM. It gas- en oaljebedriuw stelde ferline wike de gemeente Noardeast-Fryslân, it Wetterskip en twa ministearjes yn fersom fanwegen it útbliuwen fan in beslút oer gaswinning by Ternaard.
De Waadferiening seit no dat dy stap 'lastig te begrijpen' is en in 'zekere beschaafdheid van met elkaar omgaan' mist.
Direkteur Wouter van der Heij fan de Waadferiening wiist der fierder nochris op dat de UNESCO-status fan it Waad yn gefaar is. Fierder makket hy him soargen oer it feit dat der troch de eigeners fan de NAM ûnderhannele wurdt mei in Kanadeeske ûndernimming om it bedriuw oer te nimmen.

Ek PvdA en GrienLinks yn protest

De fraksjes fan de PvdA en GroenLinks yn de Twadde Keamer en de noardlike provinsjes roppe yntusken op om gjin tastimming te ferlienen foar gaswinning by Ternaard. Dêr sille sy by de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat op oantrune.