Hearrenfean wint besletten oefenwedstriid fan Heracles Almelo

© Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat tiisdeitemiddei in besletten oefenwedstriid tsjin Heracles Almelo wûn. Yn Apeldoorn waard it 2-0 foar de Feansters. Beide doelpunten waarden yn de earste helte makke.
De ploech fan trainer Kees van Wonderen krige al nei 6 minuten in strafskop nei in oertrêding op Pelle van Amersfoort. Thom Haye skeat binnen en sette Hearrenfean dêrmei op foarsprong.
Fiif minuten foar it skoft ferdûbele Simon Olsson de foarsprong nei in goede yndividuele aksje.