Oanfaller Van der Water mist troch blessuere kommende wedstriden Cambuur

Cambuur moat it de kommende wedstriden sûnder Silvester van der Water dwaan. De rappe bûtenspiler rûn sneontejûn in ljiskblessuere op.
Yn de thúswedstriid tsjin FC Den Bosch, dy't Cambuur mei 3-1 wûn, moast de oanfaller al nei in kertier fan it fjild nei't er him ferstapte. Hy waard doe ferfongen troch Youns El-Hilali.
Tiisdeitemoarn hat Van der Water in echo hân. Dêrút docht bliken dat de skea tafalt. It is net bekend hoe lang hy krekt út de rûlaasje is.