Sven Kramer Academy wreidet út, mar wol noch mear reedrydplakken

Mei de útwreiding nei Grins en Geleen is it noch net genôch foar de Sven Kramer Academy, dat reedrydlessen fersoarget. "Wy sjogge noch fierder, dêr bliuwe wy mei dwaande", seit direkteur Douwe de Vries.
It inisjatyf is opset troch Sven Kramer en wol mei reedrydlessen jongerein en folwoeksenen stimulearje om te bewegen. Dêrmei kin it ek in bydrage leverje oan de Nederlânske reedrydsport, sa is it idee.
De Academy begûn op It Hearrenfean. "Wy binne trije seizoenen lyn yn Thialf begûn. Yn it earste seizoen wiene der noch sa'n 350 bern oan it riden. Yntusken binne it der 950. Dus dy groei is mega", jout De Vries oan. Dy bern streame úteinlik ek wer troch nei ferieningen en klups.

It doel is om alle bern foar it tolfde jier ris op de redens te krijen. De Vries: "Fan âlds krige eltsenien dy kâns op natueriis, mar dat is fansels seldsumer wurden. It is Nederlânske kultuer, it heart der gewoan by dat eltsenien it in kear ûnderfynt om op it iis te stean."
De fasiliteiten binne der yn Nederlân, seit De Vries. "Je moatte der allinne foar soargje dat de bern nei dy banen ta komme. Dêr sitte útdagingen by, benammen yn de kosten. Mar mei de Sven Kramer Academy kinne wy sponsoaren fine en partijen oan inoar ferbine om it wol mooglik te meitsjen. Dat is ús mearwearde."
Fiif lokaasjes
It oantal reedrydlokaasjes komt mei Grins en Geleen op fiif, want ek op It Hearrenfean en yn Tilburg en Enschede wurde lessen jûn.

"Wy binne al wat langer oan it útwreidzjen en sykje yn hiel Nederlân wêr't wy wat taheakje kinne op it mêd fan de breedtesport. Geleen is net sa gek, want dêr is wol in soad iishockey, mar noch net shorttrack en langebaanriden. By Grins sjogge se in krimp by de jongerein, dêr wolle wy wat oan dwaan."
"Grutte lanlike spiler wêze"
Wat De Vries oanbelanget bliuwt it net by dizze útwreiding. "Wy wolle in grutte lanlike spiler wêze, sa't wy noch better lanlike partijen oan ús bine kinne dy't it ek wichtich fine dat bern bewege en yn 'e kunde komme mei it riden."