It boek oer de nijbou fan De Skâns op De Gordyk kin hast ticht

It boek oer de nijbou fan De Skâns op De Gordyk kin hast ticht. Takom wike nimt de ried fan Opsterlân nei alle gedachten in definityf beslút. De wichtichste fraach is noch: hoefolle sitplakken krijt de grutte seal?
Al sa'n 20 jier spilet de diskusje oer de nijbou fan De Skâns, it multyfunksjonele sintrum dêr't teäter, sport, gearkomsten en eveneminten ûnderbrocht wurde. Lang om let is it gebou no sa fertutearze dat in beslút needsaaklik is.
De ried kin kieze út nijbou op it besteande plak of ûnderdiel wurde fan nijbou fan de Boargemaster Harmsma Skoalle. Nijbou kostet yn alle gefallen 12,7 miljoen, in ferhuzing nei de skoalle 'mar' 6,6 miljoen.
Gruttere seal
Dan is der noch de kwestje fan de grutte seal. It gemeentebestjoer fynt 345 sitplakken wol genôch. Dat kaam útin advys fan ûndersyksburo Antea.
Dat oantal past neffens de ûndersikers goed by in plak as De Gordyk. By De Skâns sels binne se it dêr net mei iens. "Wy ha no 483 plakken", seit direkteur Atty Ekema. "Wêrom soe dy seal dan lytser moatte?"

Ekema pakte moandeitejûn har lêste kâns. Yn de kommisjegearkomste besocht se riedsleden te oertsjûgjen fan in gruttere seal.

Ekema: "Se ha by it ûndersyk in soad saken net meinaam. It is bassearre op in doarp dat gjin theater hat. Dat ha we hjir al 62 jier. Boppedat komme der in soad minsken fan bûten it eigen doarp."
Posityf
De lêste tiid giet it goed mei it teäter, seit Ekema. "Alles is hartstikke posityf no. It liket dat de ried de kant fan de skoalle útgiet en dat is posityf. Dêr sit de jongerein, dy har de takomst." Se is derfan oertsjûge dat se dy groep dan ek binnenkriget.

Mei dy seal komt it ek goed. Ek al is der konkurinsje fan De Lawei yn Drachten en Posthuis Theater op It Hearrenfean. "Dy binne der no ek en no krije we ek de seal fol."
Ekema hopet dat it no oer de ynhâld gean kin. Net mear oer de kar foar de lokaasje. Boppedat soe it nei in 20 jier moai wêze as it boek oer De Skâns ticht kin en der begûn wurde kin oan diel twa: De nije Skâns.