Oanhâlde as storein wurket foar sjonger Marcel Smit: 'Omstekeard' komt yn Frysk wurdboek

© Marcel Smit
It wurd 'omstekeard', bekend fan it lietsje fan trûbadoer Marcel Smit, komt yn it Frysk wurdboek. Dat hat de Fryske Akademy bekend makke by in optreden fan de sjonger op de 85ste akademydei.
Smit hie earder alris in petysje opstart om 'omstekeard' yn it wurdboek te krijen, mar dat slagge doe noch net. It wurd kin útlein wurde as omkeard of omdraaid. Neffens de saakkundigen fan de akademy waard it net genôch brûkt yn de provinsje. Mar dêr komt de akademy dus no dochs op werom.
De trûbadoer spile it liet freed op de akademydei. "Ik tocht, as ik dêr spylje, moat ik dat nûmer wol dwaan." Nei syn optreden kaam de foarsitter nei him ta om te sizzen dat 'omstekeard' yn it wurdboek komt. "Myn dei koe net mear stikken", sei Smit nei de tiid.
Doe't ik eartiids de jas oarsom oan hie, sei myn heit: jonge, dy sit omstekeard.
Marcel Smit
Hy hat it wurd lykwols net sels betocht, moat er tajaan: "Mar doe't ik eartiids de jas oarsom oan hie, sei myn heit: jonge, dy sit omstekeard." Dêrom tocht Smit dat it in normaal Frysk wurd wie.
'Omstekeard' wurdt taheakke oan de kategory 'sprektaal' en is oer in wike as twa of trije op te sykjen yn de online ferzje fan it Frysk wurdboek.