FIDEO: In moarnsmiel op de boaiem fan it swimbad op De Jouwer
Tsientallen minsken skoden oan foar in moarnsbrochje yn it swimbad op De Jouwer
It is net in alledeisk byld: minsken dy't oan in moarnsbrochje sitte op de boaiem fan in swimbad. Op De Jouwer barde it moandei wol, want fanwegen grut ûnderhâld is it bad leechpompt.
De meiwurkers fan Swimfun wiene al betiid yn 't spier om de tafels klear te meitsjen, want de earste gasten waarden al om 07.30 oere ferwachte. It swimbad hie buorlju útnûge, mar ek fêste klanten en gasten skoden oan. Yn totaal ieten sa'n 90 minsken in moarnsmiel yn it bad.
It brochje koe hâlden wurde om't it swimbad ta wie oan it ûnderhâld, dat gewoanwei om de trije jier plakfynt. It giet om foechwurk, it ferfangen fan luchtbehannelingsbuizen en it polysten fan de glydbanen. Tagelyk wurdt it wetter ferfarske.
De put wurdt mei opsetsin dien yn septimber, nei de fakânsje, want dat is de minst drokke perioade yn it jier.