It doek falt foar De Nije Bildtse Post: krante kin finansjeel net mear út

De Nije Bildtse Post hâldt fuortendaalks op. Utjouwer Pieter Jan Heidstra naam it blêd twa jier lyn oer en makke fan in wykblêd in krantsje dat ien kear yn de moanne útkaam. Heidstra moat no tajaan dat it finansjeel net út kin.
"It wie gjin maklik beslút. As ik der saaklik nei sjoen hie, wie ik yn jannewaris al ophâlden, mar ik bin in wâldpyk en ik haw in hekel oan belies jaan. Ek foar de minsken fan de redaksje woe ik troch, dy rekkenje op je", seit Heidstra.
Likegoed it tal lêzers yn it ferspriedingsgebiet as it tal advertearders is te lyts. Boppedat wie der flinke konkurrinsje fan Bildt.nu, in blêd dat ien kear yn de twa wiken ferskynt. "Dat is miskien wol wat dat ik ûnderskat haw. Wat ek noch sa is, is dat minsken yn doarpkes krekt bûten it Bildt net safolle mei de regio hawwe.
Konkurrinsje
Heidstra woe der in krante fan meitsje dy't oars as oars is. It krantelânskip yn de Noardwesthoeke is drok, in nije krante moat him ûnderskiede. Heidstra tocht dat it him wol slagje soe nei it sukses fan syn oare krante De Westereender. "Ik seach in soarte blaudruk foar my, ik tocht as ik dat no útrôlje kin op It Bildt mei eigen ferhalen.."
Mar dat slagge net. De Nije Bildtse Post wie al in soarte trochstart. It kaam 15 septimber 2021 foar it earst út, nei't yn juny de Bildtse Post nei 85 jier ophold. Heidstra fûn it skande dat de titel ferdwûn. De krante brocht lokaal nijs en ferhalen yn de Biltske taal.
"Ik hoopje foar de minsken dat sy yn alle gefallen in eigen krante behâlde, dat kollega's trochsette", seit Heidstra.