Moskee op It Hearrenfean yn aksje foar slachtoffers ierdskuodding Marokko

Slimane Elhilmi fan de El Fath-moskee op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
De Marokkaanske mienskip op It Hearrenfean sammelet jild yn om slachtoffers fan de grutte ierdskuodding yn Marokko te helpen.
Yn de nacht fan freed op sneon waarden parten fan Marokko troffen troch in flinke ierdskuodding. It episintrum lei op sa'n 80 kilometer fan Marrakesh.
Yn it rampgebiet is in soad skea oan gebouwen en yntusken is it tal deaden oprûn oant mear as 2.000. De ferwachting is dat dit oantal noch fierder oprint, ek om't rêdingswurkers dreech yn guon gebieten komme kinne.
De skea is grut yn it troffen gebiet © ANP
Yn Marokko sels binne trije dagen fan nasjonale rou ôfkundige. Yntusken wurdt der oer de hiele wrâld help op tou set. It Reade Krús hat yn Nederlân al mear as 630.000 euro ophelle.
De Marokkaansk-Islamityske El Fath-moskee op It Hearrenfean hat ek in aksje op tou set. Der wurdt jild ynsammele om bygelyks medisinen op it plak te krijen.

De skrik sit der goed yn

Foarsitter Slimane Elhilmi is emosjonearre troch de ramp. "It is in ferwoastjende ierdskuodding. De skrik sit der goed yn. Wy binne it hiele wykein al yn tou."
Hy hat sels gjin famylje ferlern, seit er. "Myn suster wennet dêr noch. Mei har giet it goed, aldergeloks. Mar sy hat ek freonen en in pear omkes en tantes dy't it hûs ferlern hawwe. Mar gjin ferwûnen, dat is it alderwichtichste."
It hûs yn pún © ANP
Dy regio is net sa bot troffen as it berchgebiet dat sa'n 100 kilometer fierderop leit. "Dêr is de skea echt grut. En it bliuwt ús heitelân, dus ik ken wol in soad minsken dy't yn it troffen gebiet sitte."
Ik bin bliid dat de ienigens sa grut is yn Fryslân en Nederlân.
Slimane Elhilmi fan de El Fath-moskee
De mienskip op It Hearrenfean besiket stipe te jaan. "Ik bin bliid dat de ienigens sa grut is yn Fryslân en Nederlân. Miskien is it ek wol nedich om ta besinning te kommen. Gewoanwei giet eltsenien mar foarút mei syn eigen wurk, de húshâlding en it libben. Mar mei ditsoarte dingen komt eltsenien byinoar."

Al in pear tûzen euro ophelle

It Nederlânske regear hat al mei fiif miljoen euro stipe. "Dat is hartstikke prachtich, ûnfoarstelber moai." De moskee op It Hearrenfean besiket no ek jild byinoar te krijen, Der is al in pear tûzen euro binnenkaam. "Dat is fansels al hiel wat, mar wy hawwe noch mear nedich. Want wy wolle in grut gebiet helpe."
Der is foarearst benammen ferlet fan jild, tinkt Elhilmi. "Ik hear fan kunde út Marokko dat it no hiel waarm is dêr, kjeld is der net. It is wol krap mei iten en drinken, mar út oare stêden komt it wol binnen. Dy help komt wol op gong."
Minsken sliepe bûten nei de ramp © ANP
Mar dat jildt foaral foar Marrakesh en omjouwing, wylst de grutste problemen yn de bergen binne. "De plakken dêr't noch net ien komme kin. Dêr lizze de minsken noch hieltyd yn it pún. Wy kenne dy doarpen ek wol, dus dêr fokusje wy op."
Ut de moskee wei wurdt der ek sjoen oft der in groep nei Marokko kin om te stypjen. "Mar wy hoopje earst dat der wat jild binnen komt: wy dogge in berop op eltsenien. Alle bytsjes helpe."
Wa't wat donearje wol, kin terjochte op de webside fan de Marokkaanske mienskip op It Hearrenfean.