Neisimmer bruts dizze wike fjouwer stokâlde waarrekôrs

© Albert Thibaudier
It waarme waar fan dizze wike hat fjouwer deirekôrs foar septimber brutsen. Nea earder wienen sûnt de mjittingen byhâlden wurde op it KNMI-stasjon yn Ljouwert sokke hege temperatueren metten as dizze wike.
Woansdei rûn it kwik yn Ljouwert op nei 29,8 graden. Dat wie in nij deirekôr, it âlde rekôr stie al sûnt 1958 yn de boeken, doe waard it op 6 septimber 27,9 graden.
Tongersdei folge mei 28,7 graden, wer in nij rekôr (it wie 25,9 yn 2016). En freed helle it KNMI-stasjon 29,1 graden (dat wie 25,9 yn 1959).
It fjirde deirekôr is snein brutsen. Yn 1968 waard it op 10 septimber 26,0 graden. Dizze snein tikte it KNMI-stasjon fan Ljouwert 28,0 graden oan.
De alderheechste temperatuer ea yn septimber yn Fryslân is noch net helle. Dat rekôr is metten yn Starum: dêr waard it 30,7 graden op 13 septimber 2016.
Ek op de Waadeilannen waarden dizze wike rekôrs notearre:
Hoarne, Skylge:
  • 6 septimber: 28,1º (âlde rekôr wie 26,0 yn 2022)
  • 7 septimber: 26,1º (âlde rekôr wie 25,1 yn 2016)
  • 8 septimber: 25,9º (âlde rekôr wie 23,0 yn 2016)
  • 10 septimber: 26,9º (âlde rekôr wie 22,8 yn 2016)
Flylân:
  • 6 septimber: 26,9º (âlde rekôr wie 25,2 yn 1999)
  • 7 septimber: 28,3º (âlde rekôr wie 24,5 yn 2016)
  • 8 septimber: 25,8º (âlde rekôr wie 25,1 yn 2016)
  • 10 septimber: 27,1º (âlde rekôr wie 23.2 yn 2011)