Cambuur Sjoernaal: revâns tsjin Den Bosch en in kwis mei nijkommers

Cambuur Sjoernaal © Omrop Fryslân
SC Cambuur moast freed in reaksje jaan tsjin FC Den Bosch, nei de minne wedstriid fan ferline wike tsjin Helmond Sport. En dat slagge mei in 3-1 oerwinning. Trije spilers makken harren debút by de klup, wêrûnder Jeremy van Mullem en Thomas Poll. Mar hoefolle witte se eins fan harren nije klup? It twatal docht in Cambuurkwis.
Alles dêroer en oer de wedstriid yn it Cambuur Sjoernaal:
Cambuur Sjoernaal Revâns tsjin Den Bosch en in kwis mei nijkommers
It Cambuur Sjoernaal is altyd in dei nei de wedstriid te sjen yn de Omrop-app, de webside en op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân. Sneons om 18.20 oere is it programma ek te sjen op telefyzje. Presintaasje leit yn hannen fan Andor Faber en Geert van Tuinen.