Aventoerlike otter strúnt troch wenkeamer yn Wolvegea: "Helemaal kletsnat"

© Eigen foto
It wie in wol hiel ûngewoane besiker, krekt foar it wykein yn it hûs fan Anita Kuipers yn Wolvegea. Se koe har eagen net leauwe, doe't in otter ynienen troch har hûs strûpte en rêstich op 'e bank lizzen gie.
Gjin mûs of kat, mar in otter. Dat ferwachtsje je net sa gau yn 'e hûs oan te treffen. "Ik zat boven te werken en ineens riep de schoonmaakster mij geschrokken van beneden", fertelt Anita. "Dus ik liep naar de trap en toen zag ik het: een beest."
Yn 'e wenkeamer stapte de otter om. It bistje wie hielendal net benaud. Op in gegeven stuit gie de otter sels rêstich op 'e bank lizzen. "Helemaal kletsnat was hij, en de bank daarna ook. Even later ging hij ook nog op het tv-meubel liggen. En wat een beest, hij was best wel groot."

Troch de skodoar

Anita wennet mei har famylje oan it wetter, yn de Lindewijk yn Wolvegea. De otter is nei alle gedachten út it wetter klommen en troch de skodoar nei binnen kaam. "We waren allemaal eerst flink geschrokken, maar toen zag ik al vrij snel dat het om een otter ging. En toen kwam al snel de vraag: hoe krijgen we dat beest hier weer weg?"
© Eigen foto
Mei help fan de bluetoothspeaker fan har soan slagge it úteinlik om genôch leven te meitsjen, sadat de otter der wer fia de skodoarren fantroch gie. "We zagen hem even later wegzwemmen", fertelt se.

Unnatuerlik

Ottersaakkundige Harrie Bosma kaam al gau yn kontakt mei Anita Kuipers. Neffens him is it net normaal dat in otter sa ticht by minsken en yn 'e hûs komt. "It is ûnnatuerlik. As de otter syn skuwheid ferliest, tinke je al gau dat it bist âld of siik is. Se bedarje noch wolris yn fiskfivers, mar dit ha ik noch nea heard."
En it benaderjen fan in otter is ek net sûnder gefaar. "Hy kin bite fansels. Se komme gewoanwei net ticht by minsken." Yn De Linde by Wolvegea komme otters foar, mar safolle binne dat der ek net, seit Bosma.
Dizze otter waard neffens Anita Kuipers de ôfrûne dagen alris faker sjoen yn de buert. "As hy wer sjoen wurdt, of yn 'e hûs komt, besykje wy 'm te pakken", neffens Bosma. Dan kin it bist ûndersocht wurde en eventueel opfongen wurde yn De Fûgelhelling yn Oerterp.

"Opnieuw dweilen"

Anita hat yn elts gefal in moai ferhaal om te fertellen. Mar der kaam wol wer wat wurk efterwei. "We konden weer opnieuw gaan dweilen!"