Seis meter heech hynder is nij meunsterwurk fan keunstner Jan Ketelaar

Keunstner Jan Ketelaar fan Drachten, bekend fan de bylden fan de twa froulju op de Holwerter dyk, is úteinset mei in nij megaprojekt.
Seis meter heech moat it wurde: 'Looking for Eternity', in Frysk hynder dat de loft yn sjocht. It is in hynder dat siket nei de ivichheid, seit Ketelaar.
"It moat stevich stean. Grutsk. It moat útstriele: Ik bin bliid dat ik hjir bin, mar wat doch ik hjir eins? Wat is dit foar gekkeboel?'"
Hooplik ûntstiet der dan in momint fan stilstean by de ivichheid of it universum.
"Alles moat hurd, hè?", seit Ketelaar. "Rap, fan ôfspraak nei ôfspraak. Ik fyn it moai dat der dan in hynder fier oerein stilstiet." Hy hopet dat it hynder úteinlik in plak krijt op 'e romte.
"Minsken sjogge it dan fan fier. Se rinne daliks nei it hynder ta en kinne net oars as mei en nei it hynder omheech sjen. Hooplik ûntstiet der dan in momint fan stilstean by de ivichheid of it universum."
Hoe grut wurdt it hynder fan Jan Ketelaar dan krekt?
Ketelaar hat ferskate, lytse modellen makke en is no dwaande mei in skaalmodel fan 1,80 meter. Hy krijt help fan de Oekraynske keunstner Anatoli, dy't by him yn it atelier wurket oan in kado foar de gemeente Smellingerlân.
"Ik meitsje him sa dat ik der hielendal tevreden oer bin", fertelt Ketelaar. "Dêrnei makket Anatoli, as it goed is, yn oktober of novimber it grutte frame, de anatomy. Dan meitsje ik it hynder allinnich of mei Anatoli ôf."