Cambuur hat net in soad muoite mei swak Den Bosch

SC Cambuur hat de thúswedstriid tsjin leechfleaner FC Den Bosch ienfâldich wûn. Op in mindere faze nei, flak foar en nei it skoft, wie Cambuur oppermachtich: 3-1. Remco Balk wie by alle Ljouwerter goals belutsen.
Trainer Ultee koe sneontejûn net beskikke oer middenfjilder Fedde de Jong, dy't op 'en paad is mei Jong Oranje. Dêrom mocht nije oanwinst Jeremy van Mullem fuort yn de basis begjinne.
Ek spits Roberts Uldrikis wie der net by: hy spile juster noch mei Letlân tsjin Kroäsië.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Caschili, Tol, Smand, Sylla; Van Mullem, Breij, Van Kaam; Van der Water, Smit, Balk
It begjin wie dúdlik foar de thúsploech, dy't wat rjocht te setten hie nei de teloarstellende nederlaach ferline wike tsjin Helmond Sport. Nijkommer Van Mullem krige nei sân minuten in ôffallende bal foar de fuotten en helle hurd út oer de grûn. It skot wie in proai foar keeper Jakub Ojrzynski.
In minút letter lei de iepeningstreffer wol achter de Poalske doelman. Michael Breij ûntsnapte oan bûtenspul en lei de bal mei de holle perfekt klear foar Remco Balk. Hy skode de bal ûnder Ojrzynski troch.
Sân minuten letter wie de konneksje Breij-Balk opnij belangryk. De earste joech 'm wer mei oan de twadde. Balk kaam no wat yn in dregere hoeke te stean, mar mei links wie it wer raak: 2-0.

Tuskentroch moast Cambuur wol foar it earst wikselje: Silvester van der Water rûn in op it each ferfelende ljiskblessuere op en waard ferfongen troch Youns el Hilali.
De thúsploech wie in stik better, mar waard stadichoan wol sloardiger. Dêrtroch groeide Den Bosch yn de wedstriid en in lytse tsien minuten foar it skoft wie it ek samar 2-1.
Dêr gong in grutte flater fan Cambuur-doelman Yanick van Osch oan foarôf. Hy rekke de bal kwyt oan Kacper Kostorz, de spits fan Den Bosch. Dy behold it oersjoch en joech de bal oan Rik Mulders, dy't de spanning werom brocht.
Stillein
Dat joech de besikers dúdlik hoop. Kostorz wie sels ticht by de lykmakker. In minút letter waard de wedstriid stillein, Ut in fak mei Cambuursupporters waard in beker smiten nei Mulders, dy't op it punt stie in hoekskop te nimmen.
It protokol skriuwt dan foar dat de wedstriid tydlik stillein wurdt, en dus die skiedsrjochter Nick Smit dat. Nei in saneamde ôfkoelperiode fan goed tsien minuten gong de wedstriid fierder. Den Bosch wie ek yn dy faze sterker en gong de klaaikeamers yn mei hoop op in comeback yn de twadde helte.

Dat wie te sjen, want ek nei it skoft wie Den Bosch earst better. Dat smiet de Brabanners grute kânsen op. In kopbal fan Nick de Groot gong fia Van Osch tsjin de peal en even letter rekke ek Kostorz it houtwurk.
Krekt yn dy mindere faze krige Cambuur in strafskop. Balk waard ûnderútkegele troch Ojrzynski en Smit wiisde nei de stip. It wie al de fiifde strafskop dy't dit seizoen 'fersierd' waard troch Balk. De earste fjouwer waarden benut troch Milan Smit en dy skeat no wer raak.

De goal joech Cambuur skynber it goede gefoel, want de Ljouwerters krigen de smaak wer wat te pakken. Breij, Balk en ynfaller Wiebe Kooistra krigen allegear kânsen op de 4-1, mar de bal woe der net yn.
Kooistra liet him faker sjen, mei in pear moaie aksjes. Hy wie ek ticht by in assist op Balk, mar dy wie krekt net skerp genôch om syn hattrick te foltôgjen. Kooistra sels rekke ek noch in kear it sydnet mei in skot.
Noch twa debutanten
De foarsprong fan Cambuur kaam net mear yn gefaar en dus koe trainer Ultee yn de slotfaze noch twa debutanten ynbringe. De ien wie oanwinst Thomas Poll, de oar Myles Veldman, dy't út de eigen jeugdoplieding komt.

Troch de oerwinning is Cambuur no de nije koprinner fan de earste divyzje, al ha guon konkurrinten noch wol in wedstriid te goede. Oare wike snein spilet Cambuur wer in thúswedstriid, dan tsjin Willem II.