FIDEO: Amerikaanske pleats yn Skarsterbrêge is gjin monumint, mar wol iepen op monumintedei

Amerikaanske pleats iepen op monumintedei
Yn Skarsterbrêge is in bysûnder gebou iepen foar publyk: in Amerikaanse boerepleats. It is hûndert jier lyn dat de earste Amerikaanske pleats yn Fryslân boud is. Hy sjocht der hiel oars út as in kop-hals-romp- of in stjelp.
Omdat it dit wykein iepen monumintedei is, kinne minsken de Amerikaanske boerepleats besjen. De pleats is gjin monumint, mar de Boerderijenstichting soe dat wol graach wolle.