De Alde Feanen hat in nij besikerssintrum, mar lang sil it net bestean

© Omrop Fryslân
It besikerssintrum fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen is ferhuze. De foarige lokaasje De Wiidpleats waard te grut en is ferkocht oan in projektûntwikkelder. No kinne besikers ynformaasje oer it gebiet helje op it plak dêr't earst in iisklup siet.
Achter it skûtsjemuseum waard freed it nije besikerssintrum iepene troch Age Veldboom, eigener fan it museum en it gebou derachter. It Nasjonale Park hie in tydlike lokaasje nedich, de petearen oer in oare, permaninte lokaasje rinne noch. "Wy tochten: it moat wol yn Earnewâld bliuwe", seit Veldboom, "Dat is de pearel fan de Alde Feanen."
Dus stelde er dit plak beskikber. Dat betsjutte wol dat der earst in hiel soad âlde redens, âlde buordsjes mei moaie spreuken derop en in hiel soad oar guod fuorthelle wurde moast.
Tydlike lokaasje besikerssintrum Alde Feanen iepene
No stiet der in útstalling en ynformaasje oer de Alde Feanen. Mar net sa wiidweidich as op de âlde lokaasje. "It is in wat lytsere behuzing, wy hiene dêr in stik mear romte", seit John Haitsma fan it Nasjonale Park.

Lancaster

In oare lokaasje betsjut neffens him ek in oar soart publyk. "It is oan de oare kant fan it wetter dus krijst ek hiel oare bewegingen fan minsken, komst oare minsken tsjin. Sitst ticht by it skûtsjemuseum, ticht by it doarp, dus dat jout in oare dynamyk."
It nije plak is dus in stik lytser as it âlde besikerssintrum. Dat is op himsels net slim, fynt Haitsma. It lânboumuseum is al nei in oar plak gien en guon stikken steane yn de opslach. Wol wol de organisaasje besykje in eksposysje fan de delstoarte Lancaster yn it gebiet wer in plakje te jaan.
© Omrop Fryslân
"Wy binne no oan it sjen oft dat hjir noch past, yn in wat lytsere foarm. Dan hawwe wy dochs wer de moaie koppeling mei it monumint yn it gebiet."

Tydlik

It Fryske Gea en it Nasjonale Park binne yn petear om te sjen wat de mooglikheden foar in permaninte lokaasje binne. Dat kin nijbou wêze, of in besteand plak. "Wy moatte it sjen de kommende tiid."
It leafst soe dat plak wol yn de buert fan Earnewâld wêze, om't de kuier- fyts- en farrûtes ek meastentiids yn dy omkriten begjinne. "Miskyn op in plak dêr't wat mear minsken komme, wat mear reuring, hoareka. Dan komme minsken wat natuerliker by dy del", seit Haitsma.
It Nasjonale Park en it skûtsjemuseum hoopje dat sy inoar helpe kinne op dizze wize. Veldboom: "Wy draaie beide mei frijwilligers, moarns giet dy doar iepen en dan wolle gasten in fyts- of wandelrûte. As der dan even net ien is, dan dogge sy even twa stappen oerdwers en dan komme sy miskien ek even by it skûtsjemuseum te sjen."