Liveblog | 10 septimber 2023

Danny Noppert útskeakele yn kwartfinales German Darts Open | Winst yn Marsum nei Van Zwieten-en-dy

Yn dit liveblog folgje wy de Fryske sport fan dit wykein. Mei dit wykein:

Lêst bywurke: 10 septimber 2023, 20:55
snein 10 septimber 2023
20:55

Wat Kan kin...

Discgolfer Rienk Kan fan It Hearrenfean is snein Nederlânsk kampioen wurden. It is de twadde nasjonale titel foar Kan, dy't earder kampioen waard yn 2019.
Kan is ien fan de minsken achter de disgolfbaan op It Hearrenfean.
19:45

Noppert nei hûs

Darter Danny Noppert fan De Jouwer leit út it German Darts Open.
Yn de kwartfinale wie de Poal Krzysztof Ratajski mei 6-3 te sterk foar Noppert, dy't gemiddeld net fierder kaam dan 89,87.
17:52

Sulver foar mingd team op EK judo foar junioren

Op it EK judo foar junioaren yn Den Haach hat Nederlân snein silver behelle. Quinten van der Veen fan De Westereen kaam foar ús lân yn aksje yn de kategory -73 kilo.
Yn de finale wie Georgië mei 1-4 te sterk. Ek Van der Veen ferlear syn partij, fan Giorgi Terashvili.
Yn de rondes dêrfoar wie der winst foar Van der Veen en Nederlân tsjin Dútslân en Turkije. Tsjin Azerbaijan ferlear Van der Veen, mar wie der wol in oerwinning foar it team.
16:37

Winst foar partoer Van Zwieten yn Marsum

By it haadklasse keatsen yn Marsum is de winst gien nei Menno van Zwieten, Allard Hoekstra en Hendrik Kootstra. Yn de finale makke Van Zwieten it mei in sitbal op 5-3 6-4 ôf tsjin it partoer fan André van Dellen, Jorn-Lars van Beem en Rick Minnesma.
De tredde priis wie foar Peter van Zuiden, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar.
15:26

Sulver foar roeier Jan van der Bij op WK

By it WK roeien yn Belgrado hat de Holland Acht, mei Aldegeaster Jan van der Bij, in sulveren medalje helle. De boat kaam troch in sterke einsprint op it poadium telâne en miste it goud op in sekonde.
14:01

Noppert stiet yn kwartfinales German Darts Open

© PDC
Danny Noppert is troch nei de kwartfinales fan it German Darts Open yn Jena. De Jouster darter wûn fannemiddei mei 6-4 fan Cameron Menzies út Skotlân. Noppert moast fan in efterstân weromkomme, om't Menzies aardich fan start gie. Mei in kreaze 81-finish pakte de Fries de winst.
Letter jûn wurdt yn Jena it toernoai útspile. Yn de kwartfinales fan it German Darts Open treft Noppert de Poalske Krzysztof Ratajski.