Klimaataktivist út Oentsjerk: "Vreemd dat fossiele subsidies nog steeds bestaan"

"Eigenlijk is het heel vreemd dat fossiele subsidies nog steeds bestaan. Iedere dag dat ze er zijn is er een te veel." Klimaataktivist Dirk Kuiken fan Oentsjerk is ien fan de minsken dy't sneontemiddei de sneldyk A12 by Den Haag blokkearret.
De demonstranten fine dat de oerheid ophâlde moat mei it útjaan fan fossile subsydzjes. It giet dan bygelyks om belestingkoartings foar grutte bedriuwen dy't in soad enerzjy brûke, mar ek de loft- en skipfeart.
"De bedoeling is om deze strook op de A12 permanent te bezetten en kijken hoelang we dat vol kunnen houden", neffens Kuiken. "Het verkeer richting Den Haag staat vast, dat wordt even niets. Er staat een hoop politie, maar ze hebben ons niet kunnen tegenhouden."
Ferbean
It klimaatprotest fan sneon op 'e sneldyk is lykwols ferbean. De gemeente Den Haag hat de plysje frege om de dyk frij te meitsjen en wol dat de aksjefierder op in oar plak demonstrearje.

Kuiken en oare aktivisten fersette har tsjin de 37,5 miljard euro subsydzje dy't de fossile sektor jierliks krijt, neffens miljeu-organisaasjes. "Ik denk dat dit protest enorm helpt om de afbouw te versnellen. Het is nu afwachten hoe het straks verder gaat."
Sels sil Dirk Kuiken net permanint de sneldyk blokkearje. "Ik heb ook andere verplichtingen. Ik weet dat sommige mensen twee weken vrij hebben genomen. Maar ik kom misschien wel weer terug, die motivatie is er wel."