It wûnder fan 2018: "Mei kultuer kinne we it ferskil meitsje"

De Reuzen fan Royal de Luxe lutsen in soad publyk yn 2018 © ANP
Yn 2018 wienen Ljouwert en Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn de twadielige FryslânDOK 'It wûnder fan 2018' in rekonstruksje: hoe slagge it om de nominaasje binnen te slepen?
Hoefolle enerzjy koste it om der in sukses fan te meitsjen? Wat is slagge, wêr gie it mis en wat lit 2018 nei? Diel 1 fan 'It wûnder fan 2018' is dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Besjoch de FryslânDOK:
Mei 220 grutte eveneminten, lykas de Reuzen fan Royal de Luxe en de fonteinen yn de Fryske alve stêden en 800 inisjativen út de mienskip wei, wie it in suksesfol jier. Programmamakker Gerard van der Veer sjocht mei tolve haadrolspilers út it iepenbier bestjoer, de kultuersektor en oare belutsenen werom nei de jierren foarôfgeand oan 2018 en hoe spannend de finale úteinlik wie. Dat is mei basearre op it boek 'Het wonder van 2018' fan Geart de Vries dy't mei 120 minsken prate oer de oanrin nei en de erfenis fan Kulturele Haadstêd.
Kulturele Haadstêd hie in lange oanrin en der moasten nochal wat saken oerwûn wurde foardat it safier wie. Yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, earder it klopjend hert fan Kulturele Haadstêd, fertelle de haadrolspilers yn de FryslânDOK oer dat proses. "Al sil it my polityk de kop kostje, dan is dat mar sa, dan ha ik it teminsten besocht", fertelt Jannewietske de Vries oer har krewearjen as kultuerdeputearre om it fan de grûn te krijen.
Doetiidsk deputearre Jannewietske de Vries © Omrop Fryslân
Der wienen ferskillende maatskiplike problemen: der moast wat dien wurde om de 'braindrain', krimp en earmoed tsjin te gean. "We sieten yn in faze fan delgong, it fertutearze wat. Ik hie hiel sterk it idee: we kinne mei kultuer ferskil meitsje", fertelt De Vries.
Klaas Sietse Spoelstra, strategysk adviseur, hie itselde gefoel. Dat wie yn 2007. "Der wienen in soad talintfolle minsken mei ideeën, mar dat kaam net ergens by elkoar." Yn in soarte fan boargerinisjatyf waard 24 oeren lang fan ûnderen op praat oer de takomst fan Fryslân. "En dan spesifyk it jier 2018."
Jannewietske de Vries: "It moast field en belibbe wurde troch jonge minsken, dy't dat langstme hienen om mei kultuer Fryslân te ûntwikkeljen. Dêr kaam de ambysje om fan Ljouwert en Fryslân Kulturele Haadstêd te meitsjen". Yn in manifest út 2011 stie dat Fryslân in plak wurde moast foar nije mooglikheden, dêr't jonge minsken ek wenjen bliuwe woenen.

Amper draachflak

Mar foar de plannen wie yn de earste jierren by de polityk en de befolking amper draachflak. "Ik bin doe nei Foppe de Haan gien", fertelt De Vries. "We hienen sa'n moaie ambysje en sokke moaie plannen. Wêrom krije we it net fleanend frege ik him. Hy sei doe dat it op Hearrenfean fan froeger like. Dy spilers hienen al ferlern foardat se it fjild opkamen. Foppe sei: we moatte bliksem ris in kear wat winne wolle! En dat holp my."
De provinsje en de gemeente joegen lang om let jild om mei te dwaan oan de wedstriid. De kompetysje bestie út twa ronden dêr't in bidbook mei alle plannen foar komme moast. Der wienen fiif kandidaat-stêden: neist Ljouwert wienen dat Maastricht en Eindhoven, Utrecht en Den Haag.
Klaas Dijkstra, marketingstrateech en âld-bestjoerslid LF2018 © Omrop Fryslân
Wylst drok wurke waard oan it earste bidbook rûn de befolking noch altyd net waarm foar it idee. "Yn 2012 ha we in parsekonferinsje organisearre oer de plannen", fertelt Klaas Dijkstra (marketingstrateech). "We fertelden it ferhaal dat we it aventoer dat we oangienen 60 miljoen euro kostje soe, mar dat it ek 150 miljoen euro opleverje soe. Yn de media waard inkeld it ferhaal fan de 60 miljoen oppikt. En dat hat sa'n negative impact hân: net ien yn Fryslân woe dit plan noch."

Mindset moast oars

Dijkstra sette him fol yn op mobilisaasje en partisipaasje fan de befolking. "Dat dienen we op basis fan lokale problemen, lykas krimp, earmoed en it ferlies fan bedriuwen. En de mindset moast ek oars. It tinken dat Ljouwert neat is en ek noait wat wurde sil. We makken de problemen sichtber en leinen de minsken út wat we woenen om dat op te lossen. En ik lei út dat we de minsken nedich hienen om mei te dwaan." Flak foar de earste presintaasje foar de sjuery kaam der wat stipe foar de plannen.
Nynke Stellingsma siet yn de sjuery © Omrop Fryslân
In ynternasjonale sjuery beoardiele de bidbooks. Dêryn siet Nynke Stellingsma, Friezinne en direkteur fan de skouboarch yn Grins. Nei de earste ronde bleaunen Ljouwert, Maastricht en Eindhoven oer. Ljouwert lei wol wifeljend op tafel. "Der wie foarsichtichheid oft Ljouwert it opbringe koe, it kinne soe. Der stienen geweldige budzjetten by de oare stêden. Ljouwert hie in lytser budzjet en wie ek in lytsere stêd."

Geheime ried

Om Ljouwert yn de finale in kâns op de winst te jaan, kaam in selskip bûten de formele kanalen yn it geheim by elkoar. Leden fan dizze ried troffen elkoar oan de keukenstafel by Jannewietske de Vries. De groep luts in jier lang op de achtergrûn oan de toutsjes. De linen nei it twadde bidbook en de finale waarden dêr útset.
Der waard in strategy ûntwikkele om de sjuery op sjarmante wize te bespyljen en te oertsjûgjen om yn de finale foar Ljouwert te kiezen. Klaas Dijkstra: "Yn 2013 ha we ús bidbook net mei de post opstjoerd, mar derhinne brocht mei minsken út de kultuersektor, boargers en bedriuwen dy't meidienen." De sjuery seach ek dat der in grut draachflak wie. "Mei hynders en hûnderten Friezen kamen we dêr midden yn de simmer oan. In taktyske set om de konkurrinsje te neutralisearjen."
Fryske flagge op de Westertoren yn Amsterdam © Omrop Fryslân
Yn septimber dat jier wie de presintaasje fan it bidbook yn Amsterdam. "In militêre operaasje, op de minút regissearre." Der wie oefene hoe te stean en te sitten, en der waard oefene op de fragen. En op de Westertoren wappere - foar it each fan de sjuery - de Fryske flagge.
"Dat wie hiel moai typearjend", seit Stellingsma. "Der siet in soad passy en oertsjûging yn it pleit fan Ljouwert/Fryslân. Eindhoven wie de 'gedoodverfde winnaar'. Dy hie de heechste kaarten, de bêste kânsen, it grutste budzjet en de grutste oertsjûging dat se it wurde soenen en Maastricht tocht ek dat se in hiele goeie kâns hienen. Fan Ljouwert tocht elk 'leuk dat se meidogge'."
Blydskip nei de útslach fan de sjuery © ANP
En doe kaam it ferlossende wurd fan de sjuery dat Ljouwert as winner keazen wie. Jannewietske de Vries stie op in grôtfol plein yn Ljouwert te wachtsjen op dy útslach. "We wienen it wurden, dat wie geweldich. It wie in enoarme ûntlading." "Dat is myn bizarste en moaiste momint yn myn libben", sjocht Klaas Dijkstra werom.
Nei dat feest begûn it pas echt. "De oerwinning wie fan ús allegear, we ha dat mei elkoar berikt", fertelt De Vries. "En dan komme de jierren noch om it foar elkoar te krijen."
Gerard van der Veer fertelt wat hy noch wit fan it momint dat Ljouwert Kulturele Haadstêd waard
© Omrop Fryslân
Nije wike yn diel 2:
Fiif jier lang wurken belutsenen - mei ups en downs, diskusjes en stânfêstens - bikkelhurd om fan 2018 in sukses te meitsjen. It resultaat gie alle ferwachtingen te boppe: Ljouwert en Fryslân fielden har it sintrum fan de wrâld. Minsken koenen genietsje fan kultuer, fierden feest en tochten nei oer de takomst: wat wol Fryslân wêze? It jier moast wat bliuwends neilitte, in nije wize fan libjen. Wat is fan dy idealen wurden?
FryslânDOK 'It wûnder fan 2018' (diel 1, nije wike folget diel 2)
Sneon 9 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling 10 septimber 13.10 oere)
Snein 10 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele