Liveblog
|
9 septimber
112-nijs fan 9 septimber: Drok by Admiraliteitsdagen yn Dokkum, sintrum skoftke ticht
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 9 septimber, 22:50
22:50
De Zijl wer iepen
De Zijl yn Dokkum is wer iepen. Om ûngefear 22.30 oere waard it wer frijjûn.
21:34
Sintrum fan Dokkum bomfol
18:54
Buske slacht oer de kop en bedarret yn tún yn Mullum

De bestjoerder fan in buske is sneontejûn de kontrôle oer it stjoer ferlern op de Harlingerstraatweg yn Mullum.
Dêrtroch sloech de auto oer de kop en bedarre yn in tún.
It buske ried hurd, de bestjoerder is oanholden troch de plysje.
15:51
Brân yn wenning yn Ljouwert gau ûnder kontrôle

In brân yn in wenning oan de Princessenweg yn Ljouwert wie gau ûnder kontrôle.
De brân bruts sneontemiddei om 14.30 hinne út mar koe troch brânwachtminsken mei in brânblusser útmakke wurde.
Wat krekt yn de brân stien hat is net dúdlik.
15:51
Ferkear omride
Ferkear dat fan It Hearrenfean nei Meppel ta moat, kin neffens Rykswettersteat better omride. Op de A32 by it knooppunt-Hearrenfean is de rydbaan ticht, fanwegen in earder ûngelok dêr. Ferkear kin dêrom better oer Drachten en Easterwâlde (N381 en N351).
11:39
Oanhâldingen nei mishanneling fan aginten yn Ljouwert
De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert in 22-jierrige man en in 19-jierrige frou oanholden. Sy wurde fertochte fan it mishanneljen fan aginten op de Archipelweg yn de stêd. Dêr gie de oanhâlding fan in 24-jierrige man út Ljouwert oan foarôf. Hy sit fêst op fertinking fan it besit fan ferbeane wapens.
Doe't de man oanholden waard, kaam de frou yn ferset. Se wie agressyf en helle út nei in agint. Dêrop is se oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De 22-jierrige man bemuoide him dêr wer mei en besocht ien fan de aginten oan te fallen. Ek dizze man is dêrop troch de plysje oanholden.
De plysjeminsken ha oanjefte dien. De twa manlju en de frou sitte noch fêst. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de mishanneling en nei it ferbeane wapenbesit.