Medemblik jout 10.000 euro foar gouden tip oer stellerij Redbad-portret (en oar guod)

In part fan it portret fan Redbad (in bytsje opljochte) © Robert Gieling
De gemeente Medemblik looft in beleanning fan 10.000 euro út foar de gouden tip dy't liedt nei it weromfinen fan de stellen foarwerpen út it âlde stedhûs fan Medemblik.
Ofrûne wykein waard bekend dat der ynbrutsen is yn it eardere stedhûs. Der binne yn alle gefallen seis skilderijen stellen, wêrûnder in unyk 17-iuwsk portret fan de Fryske kening Redbad.
Fierders binne der ek in tal oare objekten stellen, wêrûnder in kroanljochter en in barometer. De stellerij fan it Redbad-portret hat foar in soad opskuor soarge yn de keunstwrâld.

Soad reaksjes

Wethâlder Jeroen Broeders fan Medemblik meldt dat der in soad reaksjes binnenkaam binne. "We hebben vele hartverwarmende maar ook bedroefde reacties ontvangen. De diefstal gaat mensen echt aan het hart", seit er.
"Deze kunstwerken zijn voor onze gemeente zo belangrijk, dat we alles op alles willen zetten om ze terug te vinden. Daarom hebben we besloten een beloning uit te loven van maximaal 10.000 voor 'de gouden tip'."