Jetske Bilker krijt Gysbert Japicxpriis foar roman oer demintens: "In geweldige eare"

Jetske Bilker © Omrop Fryslân
Skriuwster Jetske Bilker krijt dit jier de provinsjale Gysbert Japicxpriis foar har roman Spegel en sonde. It boek giet oer in frou dy't demintearret en harsels dêrtroch kwytrekket.
De sjuery fynt dat se mei it boek in fakkundich literêr wurkstik ôflevere hat. De skriuwster krijt de priis op 14 oktober útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert.
"Se stiene ynienen foar de doar mei blommen en gebak. Doe kaam it hege wurd derút", sa fertelt Bilker. Wat se derfan fynt dat se dit jier de priis kriget? "In geweldige eare, ek it feit dat oaren fine dat je dochs wol goed skriuwe. Dêr bin ik hiel wiis mei."
Jetske Bilker is yn 1960 berne yn Seisbierrum. Se debutearre yn 1998 as skriuwster. Njonken in tal romans hat se in grut ferskaat oan publikaasjes op har namme stean, lykas oersettingen fan De Kameleon en Harry Potter. Ek skreau se it Fryske boekewikegeskink fan 2004.

Heechste literêre ûnderskieding

De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre ûnderskieding foar oarspronklik Frysk literêr wurk en wurdt sûnt 1947 útrikt. De priis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân.
De priis bestiet út in oarkonde, 10.000 euro en der komt 5.000 euro beskikber om it wurk oersette te litten.

Lytse Gysbert Japicxpriis

Op 14 oktober wurdt ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân.