Alle auto's út Fremantle Highway helle, skip moat heal oktober haven ferlitte

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
De lêste auto's dy't noch oan board wiene fan it frachtskip Fremantle Highway binne der dizze wike úthelle. Op it skip stiene goed 3.700 auto's.
Op it skip bruts ein july brân út, doe't it op de Noardsee boppe It Amelân fear. By de brân foel ien deade en meardere minsken oan board rekken ferwûne.
Nei't it fjoer út wie, is it skip fersleept nei de Eemshaven. Berger Boskalis hat dêr de ôfrûne tiid de auto's derôf helle. "We hebben het schip weer overgedragen aan de eigenaar", seit in wurdfierder fan it bergingsbedriuw.

Skip moat fuort

Wat der no fierder mei it skip gebeurt, is noch net dúdlik. Takom moanne mei it net mear yn de Eemshaven lizze, om't de haven it plak dêr't it skip leit wer nedich hat. "Uiterlijk 14 oktober moet het schip zijn vertrokken", seit in wurdfierder fan Groningen Seaports.
De oarsaak fan de brân is noch altyd net bekend.