Fryske judotalinten debutearje op EK junioaren: "Ik wûn nea wat, oant dit jier"

Berber Ludema en Quinten van der Veen © Berber Ludema
Dissiplinearre en resolút klimme de Fryske judoka's Berber Ludema (20) en Quinten van der Veen (18) nei de top. Dit wykein meitsje se har debút op it EK judo foar junioaren yn Den Haag.
"Ik ha der wol sin oan, mar ik bin ek bêst wol nerveus", seit Ludema út Dokkum. De út De Westereen ôfkomstige Van der Veen sjocht mei mear ûntspanning foarút. "Ik gean foaral foar de ûnderfining. Hjirnei kin ik noch twa jier meidwaan."
Sneon komt Ludema út yn de gewichtsklasse oant 78 kilogram. Om it EK-ticket te bemachtigjen, moast se by minimaal twa kwalifikaasjewedstriden in medalje winne. Mei fjouwer poadiumplakken út fiif wedstriden foldie se rom oan dy eask.
Berber Ludema © Berber Ludema
Van der Veen, dy't freed útkomt yn de kategory oant 73 kilogram, hie wat mear muoite om him te pleatsen foar it EK. Hy hie in medalje te min om him direkt foar de Europeeske titelstriid te kwalifisearjen, mar waard letter dochs noch taheakke oan de dielnimmerslist. "Ik ha gelok hân."
Goede tegenstanders kunnen struikelen of een domme fout maken.
Berber Ludema
Senuwen hat de jonge judoka nei eigen sizzen noch net. Van der Veen, dy't earder dit jier Nederlânsk kampioen by de junioaren waard, hat al ien kear earder op een EK stien. Dat wie ferline jier yn Porec yn Kroatië, by it toernoai foar judoka's oant achttjin jier. "Mar doe lei ik der nei de earste omgong út", seit er laitsjend.
Dit jier ferwachtet er ek net in medalje te heljen. Al kin in duel op de matte noch alle kanten opgean. "Kinst sa kampioen wurde of der krekt yn de earste omgong al út lizze." Dat makket judo ek sa moai, fynt Ludema: "Goede tsjinstanners kinne stroffelje of in domme flater meitsje."
Quinten van der Veen © Quinten van der Veen
De twa judoka's litte lykwols neat oan it tafal oer. Fjouwer moarnen yn de wike giet om seis oere de wekker by Van der Veen, om dêrnei mei de trein nei Grins te gean foar in training en pas dêrnei oan syn skoaldei te begjinnen op it Johan Cruijff College yn Grins.
In soad frije tiid bliuwt der dan net oer. "Ik ha dizze simmer mar in wike op fakânsje west, fierders ha ik eins allinne mar sport."

Sportpsycholooch

Ek Ludema, dy't no in Grins wennet, is moarns op de judomatte te finen. En se gie nei in sportpsycholooch om mentaal sterker te wurden en by toernoaien better mei de spanning omgean te kinnen. It binne simpele, mar nuttige lessen. "No tink ik: gean ik hjiroan dea? Nee. It libben giet gewoan troch."
De mentale training liket fertuten te dwaan. "Ik wûn nea wat, oant dit jier."
In EK in eigen lân hat syn foardielen. "Us mem hat in soad kaartsjes kocht foar famylje en freonen", seit Berber entûsjast. Ek Quinten syn famylje, pake, beppe en freonen komme om him oan te moedigjen. "Dat fielt fertroud, krekt as wie it net in EK."
It EK junioaren is foar Europeeske judoka's tusken de achttjin en tweintich jier. Njoggen manlju en njoggen froulju fertsjintwurdigje Nederlân. Se komme tongersdei, freed of sneon yn aksje.