Fryslân siket ferkuolling op 'e fyts, it wetter en op it skoalplein

© Omrop Fryslân
Fryslân genietet folop fan de tropyske septimberdagen. Ek freed tikke de termometer wer de tritich graden oan. En dus sochten Friezen massaal ferkuolling.
Guon diene dat op 'e fyts, oaren yn in boatsje op it wetter. Mar no't de skoallen wer begûn binne, moatte bern wer yn 'e klasse sitte. Al tochten se dêr op de Zwetteschool yn Snits oars oer.
Op de Zwetteschool yn Snits diene de bern wetterspultsjes op it skoalplein
"Doe't wy it waarberjocht foar dizze wiken seagen, tochten wy: hjir moatte we wat mei. De ûnderbou is mei it idee foar wetterspultjes op it plein kaam, en dat is troch de hiele skoalle oernaam", laket direkteur Eef Sprenger. "It koe ek hast net oars, want neist it waarme waar wurdt hjoed ek nochris de airco reparearre."

Glydbaan fan griene sjippe

En dus is der op it plein fan de skoalle fleskesfuotbal, in glydbaan fan griene sjippe en lânbouplestik en fierder moatte bern it tsjininoar opnimme yn in race mei blikjes wetter. In pear meter fierderop kinne de âldere bern it wetter fan de Swette op om te suppen. En dat smyt in soad wille op yn de tropyske hjitte fan dizze dagen.