HEA! 50.000 puzels ûnder ien dak op 'e Jouwer

HEA! Puzelmuseum
In ienfâldich gûcheltrúkje fan beppe Janke mei in stikje breidjern. Dat fassinearre de jonge Auke Reijenga sa bot, dat it de oanset wie foar syn samling puzels, riedsels en gûcheltrúks.
Op 'e Jouwer hat hy der in hiel museum fan makke mei alle puzels dy't er yn de rin fan de jierren sammele hat. En dat binne der wol 50.000.
De besikers fan it museum meie sels ek besykje de puzels en breinbrekkers op te lossen. De measte kin Auke sels mei gemak dwaan. Guon, meast wat âldere eksimplaren, lizze lykwols achter glês. As dy yn 'e tiis reitsje, is it in hiele opjefte om wer op te lossen.
Fansels is ek de ferneamde kubus fan Rubik yn it museum te finen. Reijenga kin dy noch altyd blyn yn in pear tellen wer hielendal goed ynelkoar draaie.