Nije feiten oer 'De Heks van Anjum' yn true crime-podcast

'De Heks van Anjum' is de titel fan it boek fan sjoernalist Margriet Brandsma oer de beruchte pensjonmoarden yn Eanjum. It ropt sa'n soad reaksjes op dat Brandsma no in ferfolch makke hat yn de foarm fan in podcast. De podcast fan Brandsma en Omrop Fryslân is te beharkjen fan 26 septimber ôf.
Yn de tún fan it pensjon 'Het Station' wurdt op krystjûn 1997 nei in tip it lichem fan in fermoarde man fûn. Twa dagen letter graaft de plysje op it terrein fan it pensjon in twadde lichem op, de man is in healjier earder mei geweld om it libben brocht.
Pensjonhâldster Marjan van der E. wurdt foar de moarden feroardiele, mar hat it altyd ûntkend.
De bysûndere moardsaak liedt ta in soad opskuor en publisiteit. Wêrom sloech de 52-jierrige frou twa mannen dy't folle jonger, grutter en sterker as har wienen, de skedel yn? Hokker rol spilet de himpkwekerij dy't in wike earder oprôle waard? Wêrom is dy rol nea meinommen yn it ûndersyk nei de saak? Is de ûnferwachte dea fan Marjan krekt foar de ferskining fan it boek tafal of spilet der mear?
Nije feiten oan it ljocht
Yn de true crime-podcast 'De Heks van Anjum' praat Margriet Brandsma mei minsken dy't reagearre ha op har boek. Dat liedt wer ta nije befiningen oer de moardsaak en ta (noch mear) fernuvering oer de wize wêrop't plysje en justysje te wurk gien binne.
Yn de podcast leare wy Marjan van der E. better kennen, hearre wy belêstende ferklearringen oer ien fan de mannen dy't de himpkwekerij yn har skuorre eksploitearre en fertelt de advokaat fan de pensjonhâldster oer de mooglikheden de saak opnij te iepenjen.
Harkje de podcast 'De Heks van Anjum' fan 26 septimber ôf fia de gebrûklike podcastkanalen.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk (058 299 78 76) of mei Margriet Brandsma (06 20 08 24 34).
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.