Natuerorganisaasjes pleitsje foar nij wetterbelied: fleksibeler, konkreter en stranger

Wetter yn wiete perioaden moat better fêstholden wurde, fine de organisaasjes © ANP
Acht natuerorganisaasjes yn de noardlike provinsjes wolle dat Fryslân, Grinslân en Drinte in mienskiplik wetterbelied fiere. Om ek foldwaande wetter te hawwen yn de takomst, wolle se dat der mear wetter fêstholden wurdt yn wiete perioaden, sadat it frijjûn wurde kin as it drûch is.
Dy foarstellen diene de organisaasjes freedtemoarn by in moarnsbrochje mei de ferantwurdlike deputearren út de trije noardlike provinsjes oan de Paterswoldsemeer by Grins.
Mear as 9000 boargers hawwe in petysje fan It Fryske Gea, Friese Milieufederatie, Stichting het Drentse Landschap, Staatsbosbeheer, Stichting het Groninger Landschap, Natuur- en Milieufederatie Drenthe, Natuur- en Milieufederatie Groningen en Vereniging Natuurmonumenten ûndertekene.

Fleksibeler, konkreter en stranger

Yn de petysje stiet dat it wetterbehear fleksibeler moat en ek yn de takomst foarsjen moat yn it wettergebrûk fan boargers, boeren en bedriuwen.
Yn de brief stiet ûnder mear dat der konkreter en gebietsrjochte belied komme moat, dat it wetterbelied op 'e nij ûntwurpen wurde moat en dat de easken foar Natura 2000-wetter en wetterstreamen dy't ûnder de Kaderrichtlijn Water (KRW) falle stranger moatte.
Het is niet makkelijk, maar levert zoveel winst op.
Jorien Bakker, bestjoerder Natuurmonumenten yn Fryslân en Grinslân
"We moeten toe naar een veel flexibeler watersysteem dat bij te veel water als een spons water kan vasthouden en bij tekorten dat water kan afgeven aan de omgeving", seit Jorien Bakker, provinsjaal bestjoerder by Natuurmonumenten yn Fryslân en Grinslân yn in ferklearring.
"Wie de waterkaart van het Noorden bekijkt, ziet de onderlinge samenhang en noodzaak deze uitdaging in gezamenlijkheid aan te pakken. Dat is niet makkelijk, maar levert zoveel winst op voor iedereen dat het een enorme gemiste kans is als we die nu niet verzilveren."